Museum Willem van Haren
Ut Wikipedy
Museum Willem van Haren is in kultuerhistoarysk museum op It Hearenfean.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It museum is neamd nei Willem van Haren (grytman) (1655-1728). Fan 1944 ôf docht in gebou oan de Vleesmarkt tsjinst as âldheidkeamer, wêr’t in kolleksje ûnderbrocht is oer de skiednis fan It Hearrenfean. Yn 1982 ferhuzet de kolleksje nei in pân oan it Van Harenspaad en sûnt dy tiid hjit it: Museum Willem van Haren. Yn 1999 wurdt it neistlizzende eardere skoalgebou (MULO) by it museum lutsen, sadat der mear romte komt foar tentoanstellingen. It gebouw hjit De Heerenveense School. Hjiryn sitte ek De Cirkel, in sintrum foar keunstsinnige foarming en fêstigingen fan VVV en ANWB.
[bewurkje seksje] Kolleksjes en tentoanstellingen
- Skiednis fan It Hearrenfean (mei in makette fan It Hearrenfean, sa’t it der yn 1830 útseach).
- Tentoanstelling oer de foarname famyljes en harren betsjinners dy't in lângoed hienen yn It Oranjewâld.
- It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is ûnderdeel fan it Willem van Haren Museum.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|