Drylts
Ut Wikipedy
Drylts (offisjeel Nederlânsk: IJlst) is de haadstêd fan Wymbritseradiel, mei 3.295 ynwenners (2006), en leit yn it súdwesten fan Fryslân, sa'n 5 km fan Snits, dêr't it oer it wetter fia de Geau mei keppele is. Drylts hat in stasjon oan it spoar Ljouwert-Starum.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Bestjoerlike skiednis
Drylts wie in selsstannige gemeente oant it by de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 gearfoege waard mei Wymbritseradiel. By dy gemeentlike weryndieling fan 1984 wie besluten dat de trije gemeenten gearfoege wurde moasten; troch swiere protesten binne Wymbritseradiel en Drylts net by Snits foege, mar binne allinnich Drylts en Wymbritseradiel gearfoege. Drylts waard de nije haadstêd. Yn 1985 kaam oan de noardkant fan Drylts it nije gemeentehûs klear. It âlde stedhûs, dat te lyts wurden wie, kaam yn gebrûk as plysjeburo. In oantal jierren letter waard it ferkocht oan partikulieren; it is no in wenhûs. Al is Drylts foar in grut part rjochte op Snits; it hat bygelyks in soad ynwenners dy't yn Snits arbeidzje. Oan de oare kant is der in Drylts in tige ryk ferieningslibben, dat somtiden sels ynwenners fan Snits oanlûkt.
[bewurkje seksje] Skiednis
Drylts is ûntstien oan ien fan de feanfearten yn súdlik Fryslân, dy't as de Ie troch it stedsje rint, en it hat dan ek in bloeitiid hân mei folle skipsbou en dêrtroch ek houthannel. Der hat noch lang yndustry west dy't út dy tradysje fuortkaam, mar oan it begjin fan de 21e ieu binne de lêste parten troch fúzjes út de stêd ferdwûn.
Drylts hat sûnt 1268 stedsrjochten. It is de tredde stêd (nei Starum en Harns) yn Fryslân dy't stedsrjochten krige. It stêdsgebiet grinze oan dat fan Snits, en tegearre waarden de twa stêden omsletten troch de gritenij en letter gemeente Wymbritseradiel.
De stêd wie bekend om syn skipsbou en hannelsposysje. It is ûntstien oan de Alde Ie of Ye, in rivierke tusken de Sudersee of in foarrinder derfan en de Middelsee. Oan dit rivierke dankt it stedsje syn namme. Fan de Ee binne noch mar in pear fragminten oer. Ien dêrfan foarmet de sintrale as fan it stedsje en hat it karakter fan in grêft. Pal foar de huzen lâns rint de strjitte en de tunen lizze oan de oare kant fan de strjitte oan de kant fan de Ie. Dizze oan it wetter grinzende túntsjes, "bleken" of "oertunen" , hearre by de oan de grêften lizzende huzen en waarden eartiids brûkt om de wask te bleken. De tunen binne foar in diel noch yn partikuliere hannen en binne, lykas it eardere stedhûs, brûkt as filmdekor foar de Kameleonfilm Skippers fan de Kameleon mei as regisseur Steven de Jong (2003).
[bewurkje seksje] Wiken
De wiken fan âld nei nij:
|
[bewurkje seksje] Yndustryële skiednis
Yn Drylts siet ek de firma Nooitgedagt dy't ark, houten boartersguod en redens makke. Om 1990 ferfarde it fabryk nei it yndustryrterrein. Dielen fan de âlde fabriken binne sloopt. Der stiet noch mar ien âld gebou, it earste Nooitgedagt fabryk. Dit gebou is renovearre. It lêst boude autentike fabryksgebou - it earste yn Nederlân dat hielendal fan beton makke waard - is medio oktober 2004 sloopt. In pear jier earder hold de firma Nooitgedagt op te bestean troch in oername. Yn it nije gebou sit no on oar bedriuw.
Saillant detail is dat der sa'n tsien jier diskusearre is oer it ynfollen fan it terrein. Al dy tiid stie it gebou der leech en ferpaupere by. Sûnt oktober 2004 is der in diskusje geande oer it behâld fan de âlde fabryksskoarstien. Yn 2007 waard de skoarstien renovearre, wêrby't dizze ta de oarspronklike hichte werombrocht is. Lykwols net as eartiids mitsele waard mar yn de foarm fan in stielen staketsel (keunstwurk).
Medio 2005 is der op it âlde fabryksterrein in nij wenwykje setten. Fierders binne der noch in fiiftal panden foar it âlde Nooitgedagt fabryk boud.
[bewurkje seksje] De Rôt
Mole "De Rat" is in houtseachmole dy't yn 1683 boud waard yn de Saanstreek. Om 1829 helle de eardere Dryltser houthandel Oppedyk de mole nei Drylts om him dêr wer op te bouwen.
De mole wurdt noch brûkt om te seagjen en kin besichtige wurde.
[bewurkje seksje] Mienskip
Yn it eardere gymnastylokaal sit sûnt de santiger jierren 't Mienskipshûs. De Rôt en De Iendracht binne de twa buertferienings. De Twine en De Kogge binne de beide basisskoallen. It Dryltser Kypmantsje is it pleatslike krantsje.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Konkordia - muzyk
- Folk Drylts , shantykoar - koaren
- IJ.V.C. (Dryltser Fuotbal Klub) is sûnt 1925 de pleatslike fuottbalklub, mei as thúsbasis sportpark de Útherne, oan de eastkant fan Drylts.
- Nije Moed - keatsen
- Effekt '78 - tafeltennis
- De Stânfries - turnen, folleybal
- Sterke Yerke - silen
- Fierljepferiening
[bewurkje seksje] Ynwenners
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Dryltsers wurde ek wol kypmantsjes' neamd, nei in koekjesoarte.
- Yn Drylts stie ek de reedfabryk Frisia, dy't oant 1993 noch redens makke
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten fan Drylts.