Folsgeare

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Folsgeare
Flagge fan Folsgeare Wapen fan Folsgeare
Flagge Wapen
Lokaasje fan Folsgeare
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 348
Webstee

Folsgeare (offisjeel Nederlânsk: Folsgare) is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, west fan Snits. It doarp hat likernôch 348 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Folsgeare yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

De muontsen fan it kleaster Thabor by Turns en fan it Aldekleaster (Kleaster Blomkamp) by Hartwert hawwe om it jier 1000 hinne holpen by it oanlizzen fan diken yn de âlde Middelsee. De Tsjaarddyk is justjes nei 1100 oanlein om it krekt op de Middelsee wûne lân om de doarpen Nijlân en Folsgare foar oerstreamings te behoedzjen. Op de krusing fan de Tsjaarddyk, Jongedyk en de Mieddyk is de buorren fan Folsgeare ûntstien.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Tsjerke

De herfoarme tsjerke út 1875 mei sealdaktoer 1534 binne yn 1961-1962 restaurearre.

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. Yn 1988 waard tichtby it sportfjild in nij doarpshûs iepene. It hat in beweechber poadium, klaaikeamers foar de bûtensport, in feestseal en in romte foar gearkomsten.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Foar de Wyn - toaniel
  • Folsgearster Folk - koar foar shanty en folkmyzyk

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Wapen fan Folsgeare

It doarp mei omkriten binne yn it doarpswapen werom te finen: it blau en de gouden leelje komme fan it gemeentewapen en de eardere Middelsee by it doarp, yn de hoeke leit de "Tsjaarddyk". De keper ferwiist nei dizze dykshoeke. Op dizze keper stiet in ruster wêrop Sint Laurentius, de beskermhillige fan de eartiidse doarpstsjerke, dy't hjirop martele wêze soe.

[bewurkje seksje] Bekende Folsgearsters

  • Fryske dichter Gerben Willem Abma (pseud. Daniël Daen) is yn 1942 berne yn Folsgeare, ek syn broer Gerben Abma (1932) is dêr berne
  • Wout Zijlstra, hie as sterkste man fan Fryslân de bynamme de ‘Flits fan Folsgeare’

[bewurkje seksje] Strjitten

Easthimmerwei, Ekers-Ein, Folsgearsterleane, Garastrjitte, It Werp, Skeender, Tsjaarddyk

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen