De Gaastmar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Gaastmar
Flagge fan De Gaastmar Wapen fan De Gaastmar
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Gaastmar
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 287
Webstee http://www.degaastmar.nl

De Gaastmar (Nederlânsk: Gaastmeer) is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, west fan Heech. It doarp hat likernôch 287 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Folsgeare yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Offisjeel bestiet De Gaastmar út twa dielen, Grutte Gaastmar en Lytse Gaastmar, mar se foarmje tegearre wol ien doarp.

Doarp[bewurkje seksje | edit source]

It mear as 875 jier âlde Gaastmar is in wettersportplak. It stiet rjochtstreeks yn ferbining mei in oantal oare marren lykas de Fluezen, de Hegemer Mar en de Grutte Gaastmar. It kompleks "De Liuwe Daem" is in grut bungalowpark oan it wetter. De grutte pleats Attema Sate, oer de brêge oan de Wide Sleat, is restaurearre en hat in rekreative bestimming krigen. Troch pontsjes oer de Yntemasleat en oer De Grûns kin oer it fytspaad om de Aldegeaster Brekken fytst wurde. Yn 1998 is tusken de Ringwiel en de Sânmar it ferbiningswetter de Skrokfeart oanlein foar kanofarders. Ten westen is in fyts- en fuotfear oer De Grûns nei Nijhuzum. Ten suden in fearpont nei It Heidenskip.

De herfoarme tsjerke stiet op de monumintelist. De tsjerke hat in moaie iken kânselkûp út de 17e ieu en in restaurearre oargel. De toersklok is fan 1517.

Foar de 1940 waard der troch de De Gaastmarders in soad iel ferhandele mei Ingelân. Der sit no noch in fisker yn it doarp.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

  • It ferieningslibben hat ûnderdak yn it doarpshûs. De doarpskrante hjit "Praat-mar".
  • Yn 1968 waard de Stifting Freonen fan De Gaastmar oprjochte troch rekreanten dy't ds. Jelke Bruinsma stypje woene by syn krewearjen foar bettere foarsjennings by it doarp. De stifting draacht ek by oan aktiviteiten dy't it doarp te'n goede komme.
  • Sûnt de simmer yn 2003 stiet der op 'e Keapwei bij de sûvering foar de jongerein in Jeugdkeet, Keet fan 'e Gaastmar.
  • De Fryske dichter Jan Jelles Hof is berne yn De Gaastmar.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Fiskersbuorren - buorskip Fiskersbuorren
  • Hellingpaad -
  • Jan Jelles Hofstrjitte - Jan Jelles Hof
  • Kaapwei -
  • Langstrjitte -
  • Liuwedaam - Liuwedaam
  • Munkedyk -
  • Pieldyk -
  • Turfdyk -
  • Wieldyk -
  • Yntemapolder -

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • dr. G. Abma - "Jelke Bruinsma, ondernemend dominee in het (recreatie)dorp GAASTMEER" útjûn troch de "Stifting Freonen fan De Gaastmar".
  • "Ut 't âlde fotoalbum fan 'e Gaastmar" (1981) útjûn troch Doarpsbelang by it 850-jierrich bestean fan De Gaastmar.