Poppenwier
|
|||||
![]() |
|||||
| Gemeente | Boarnsterhim | ||||
| Ynwennertal (2004) | 190 | ||||
| Webstee | Webstee Poppenwier | ||||
Poppenwier is in doarp yn de gemeente Boarnsterhim, tusken Jirnsum en Dearsum oan de Snitser Aldfeart. Poppenwier is it meast noardlike doarp fan De Lege Geaen. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Poppenwier diel út fan de eardere gemeente Raarderhim, neamd nei ien fan de Himpolders. De namme Poppenwier komt út de 14e ieu fan de manljusnamme Poppe, mei wier yn de betsjutting fan terp.
Yn 1989 waard de offisjele namme Poppingawier troch de gemeente Boarnsterhim feroare yn Poppenwier.
Poppenwier hat twa tsjerken, de doopsgesinde en de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. De grifformearde tsjerke wurdt no as aula brûkt, en foar eksposysjes en sjonggroepen.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
It doarp moat al hiel âld wêze. Der binne potdiggels fûn út de 1e ieu oant de 10e ieu. De skerven binne fan "Koegelpotten" en Rynlânsk ierdewurk. Yn 1478 waard even benoarden Poppenwier it kleaster Ingwert stifte, in kleaster fan de grauwe beginen. By it doarp stie eartiids de Albadastins.
Mienskip [bewurkje seksje]
De bern gean meast nei de skoalle fan Tersoal en Raerd. De befolking fan it doarp bestiet foar in grut part út "ymmigranten". Nei de sluting fan it doarpshûs anneks kafee De Herberch hat de doarpsmienskip it nije doarpshûs De Trilker boud, it hert fan it kulturele en sosjale libben. Der is in feriening foar Pleatslik Belang, de Merkekommisje is foar de feesten. De stifting Pop'nPop organisearret oan it lân oan de Marsherne in muzikaal túnfeest. Yn it doarpshûs sit ek jeugdsoas Catweazle. Der binne de lêste jierren in tal festiviteiten mei preammen, sa is der in wedstryd tusken preammen fan doarpen yn De Legean.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Foarút - toaniel
- Auke Roukes - koar
- biljertferiening
- Tryntsje Piters - iisklup
- TTV - toulûken
- Kubus - follybal
- frouljusferiening
- jeugdfûgelwacht
- dartklub
Foarhinne wie der ek in tafeltennis en jeugdbiljertferiening. Ek wie der eartiids it "Poppenwierster kuorbal".
Befolking [bewurkje seksje]
Sjoch ek [bewurkje seksje]
Strjitten [bewurkje seksje]
Binnenbuorren, Bûtenbuorren, Bûtlânswei, Fiskerssteech, Harstawei, Ingwert, Marsherne, Pôle, Skoalsteech.
