Easterein
|
|||||
| Gemeente | Littenseradiel | ||||
| Ynwennertal (2007) | 950 | ||||
| Webstee | Webstee Easterein | ||||
Easterein is in doarp yn de Fryske gemeente Littenseradiel. Easterein hat likernôch 1000 ynwenners. It sintrum fan it doarp hat in saneamd beskerme doarpsgesicht. Easterein wurdt ek wol it filmdoarp neamd, omdat it yn ferskate films as dekôr tsjinne hat. Opfallend yn de buorren wiene eartiids de wipbrêgen dy’t no ferfongen binne troch fêste stiennen brêgen. Oan de westkant is yn de jierren '90 noch in nijbouwyk komd.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Easterein diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1991 waard de namme fan it doarp offisjeel yn it Frysk fêststeld. Ten suden fan it doarp stiet de Rispenserpoldermûne, in oarspronklijk ut 1821 datearjende grûnsiler.
Ynhâld |
Martinytsjerke [bewurkje seksje]
It meast opfallend yn it doarp is de Martinytsjerke. De tsjerke is foar it meastepart midsieusk (13e ieu) en hat de âldste (1400) sakristy fan Fryslân. Fierder falt de seldsume kreake út 1554 mei ryk houtfykwurk út de tiid fan de rennêssânse op. Yn de tsjerke sit ek noch in hearebank út de 17e ieu. It eardere (gereformearde) tsjerkegebou yn it doarp, wurdt as wenning mei keunstromte brûkt. Tsjerke is iepen op oanfraach, en eltse freed fan 13:30 oant 17:00 (mrt-okt)
Mienskip [bewurkje seksje]
Easterein hat in nij multyfunksjoneel sintrum. Hast alle ferienings út it doarp sitte dêryn, lykas pjutteboartersplak De Poaskepôle en keatsferiening. Sa kinne sport, kultuer, soarch en wolwêzen alle kanten op. Mei útsûndering alle tsjerkelijke activiteiten, dizze fine plak yn de romte fan de monumintale Martinytsjerke. It gebou is net geskikt foar gelegenheden fan persoanlike aard (feestkes, begraffenissen ensfh.) Der is fierders in basisskoalle, dêr't ek de bern fan Hidaard hinne gean.Sporthal De Greidhoeke is sûnt 1977 de sportlokaasje foar de ferienings út it doarp en fan gemeente Littenseradiel.
Yn 2000 binne de earste plannen betocht. Yn 2005 binne de finansjele saken regele. It gebou is betelle mei subsydzje en bydragen fan ferienings, en Tsjerke hat 150.000 euro stoart. Ek de bewenners fan Easterein ha meiholpen. Nije ynwenners krije fan Doarpsbelang it ynformaasjeboekje 'Hâld Faasje'. Yn 1995 ferskynde in boekje oer Easterein.
Ferienings [bewurkje seksje]
- De Tsjerne - jeugdhonk
- Wilhelmina - muzykferiening
- Keatsferiening Easterein
- Oranje en It Heitelân - oranjeferiening
- Fuort mar los - toaniel
- Kaart en biljertklup manlju
- T.D.K.K.O.'e.K. (troch de knibbels kin op e keu)- biljertklup froulju
- De Spearders - darten
- KF Easterein - keatsen
- ODI - gymnastyk
- Fuotbalferiening SDS
- COVOS - Follybalferiening
Berne [bewurkje seksje]
- Herman Ridderbos (1909-2007), predikant, teolooch en heechlearaar
- Oepke Noordmans (1871-1956), dûmny en Nederlânsk teolooch
- Marten L. de Boer (1940-2002), learaar, dûmny, skriuwer
Befolking [bewurkje seksje]
Strjitten [bewurkje seksje]
't Heechhiem, 't Kleaster, A Joustrastrjitte, De Ljits, De Singel, De Streek, Dobbelân, Eeskwert, Fabrykswei, Foarbuorren, Grieneleane, Hofsleane, It Risplân, Koaifinne, Meilahuzen, Populiereleane, Sibadawei, Sjaardaleane, Skilplein, Skippersbuorren, Skoallestrjitte, Skrok, Smidslân, Stittenserleane, Tsjerkebuorren, Van Eijsingaleane, Vrijburg, Wynserdyk.