Aldegea (Súdwest-Fryslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldegea
Flagge fan Aldegea Wapen fan Aldegea
Flagge Wapen
Lokaasje fan Aldegea
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 690
Webstee http://www.oudega-wymb.nl


plankjesile op de Aldegeaster Brekken

Aldegea (Nederlânsk: Oudega) is in doarp mei likernôch 690 ynwenners (2006) yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp leit oan de Aldegeaster Brekken. Oant 2011 lei Aldegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Aldegea, Idzegea en Sânfurd foarmje mei-inoar wer in soarte fan buorskip. Alle trije doarpen lizze oan it wetter, oan respektivelik de Aldegeaster Brekken de Idzegeaster Poel en it Ringwiel. Foar de foarsjennings binne de oare beide doarpen op Aldegea oanwiisd.


Gebouwen[bewurkje seksje | edit source]

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Midden yn it doarp stiet de krekt restaurearre Ankertsjerke út 1755 dy't op de monumintelist stiet. Yn de toer hinget in klok út 1623. Yn 1961/1962 hat der aksje yn it doarp west foar de tsjerke dy't F 40.000 opbrocht.

Doris Mooltsje[bewurkje seksje | edit source]

Oan de noardkant fan de Aldegeaster Brekken stiet de poldermûne it Dorusmooltsje fan rûn 1790. Dizze mûne is nei restauraasje yn 1998 wer yn eare hersteld. It is de grutste spinnekopmole fan Nederlân.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

1954 - 680, 1959 - 670, - 1964 - 593, 1969 - 544, 1973 - 702, 2006 - 690.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Aldegea hat ek in skoft in stasjon hân oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Doarpsbelang en Rekreaasjeferiening fan it doarp wolle graach wer in stasjon ha. Dit wurdt ûndersocht op helberens.
  • Der binne twa kempings by it doarp, by de jachthaven en De Bearshoeke.

Strjitten yn Aldegea[bewurkje seksje | edit source]

  • 't Reijdlân -
  • Blomfinne -
  • Bouke de Vriesstrjitte - Bouke de Vries
  • Breksdyk -
  • De Band -
  • De Hannen -
  • De Joodyk -
  • De Tsjerne -
  • De Wearen - buorskip De Wearen súd fan Wûns.
  • Feandyk -
  • Hagenadyk -
  • Hoytemadyk -
  • Jan Piebengastrjitte - Jan Piebenga
  • Lyspôle -
  • Pastorijstrjitte -
  • Reafinne -
  • Rigedyk -
  • Stasjonsleane -
  • Sybebuert -
  • Tsjerkewei -
  • Westerskatting - Westerskatting.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: