Ferwâlde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ferwâlde
Flagge fan Ferwâlde Wapen fan Ferwâlde
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ferwâlde
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2009) 233
Webstee http://fanferwalde.com
Tsjerke fan Ferwâlde

Ferwâlde (Ferwoude) is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, noard fan Warkum. It doarp hat likernôch 233 ynwenners (2009). Oant 2011 lei Ferwâlde yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Ta de himrik fan Ferwâlde hearre ek de buorskippen Doniabuorren, Skarnebuorren en Wonnebuorren.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mole

Oant 1930 hat hjir in mole stien dy't de Fallingabuorster- en Aaltsjemarpolder bemealde. De mole stie al yn de Schotanusatlas, dat dy moat der al foar 1718 stien hawwe.

[bewurkje seksje] Tsjerke

De doarpstsjerke eaget mei har kleurige bepleistere uterlik noch net sa âld; lykwols moat se al datearje út de twadde helte fan de13e ieu. Mar der geane ek ferhalen dat tsjerke en toer yn 1762 ôfbrutsen binne mei it doel de dowestiennen te ferkeapjen oan de semintyndustry fan Makkum. Yn 1767 wie de nije tsjerke mei in spits tuorke op de westlike gevel klear. De lêste ‘fernijing’ fan de tsjerke wie yn 1877. It skip hat in trijekantich sletten koar en op de westlike gevel stiet in houten tuorke. De tagongspoarte is fersierd mei bak- en sânstien en hat in fronton mei opskrift en it jier 1767. De famyljebank fan Van Velzen datearret út de 18e ieu en in ienfâldiger bank mei draaide balusters is nóch in ieu âlder.

[bewurkje seksje] Doarpswapen

Oan fjouwer gouden ringen hinget in read findel. Neffens oerlevering soe Friso dit meinomd hawwe en binne der in soad oerwinnings mei behelle. Dizze Magnusfane fan Friso wie in reade banier, dy't fjouwer bjusterbaarlike krêften hie: hy beskerme tsjin tonger en stoarm, hy warre kweageasten, hy bruts tsjoenen en hy koe net oerwûn wurde. Nei de tiid fan Friso waard de fane bedobbe, sa't gjin fijân dy fine koe. Yn in leginde soe in Frysk legerûnderdiel ûnder dit findel Rome ferovere hawwe en de stêd Rome oan Karel de Grutte oerdroegen hawwe. Yn de dom fan Almenum waard it letter bewarre, de Denen hawwe letter noch besocht om it te feroverjen. Mar omdat it findel neffens de leginde ynmitsele wie yn de tsjerkemuorre mislearre dat. Mar sa't Jancko van Douwama skriuwt: ,,Insgelijcken heb icket wal gehoert, dat he solden bemuert wesen to Fernewolde."

[bewurkje seksje] Mienskip

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

[bewurkje seksje] Strjitten

Aaltsjemarwei, Buorren, Doniabuorren, Robyn Joelesfinne, Skarnebuorsterwei, Wonnebuorsterwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen