Almenum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Almenum wie in tsjerkedoarp dat ticht tsjin Harns oan lei.

Der wurdt foar it earst oer Almenum skreaun yn 754 as skiedskriuwer Winsemius de reis fan Bonifatius fan Starum oer Almenum rjochting Dokkum beskriuwt.

It doarp waard stiften troch sindeling Gustavus Forteman dy't yn 777 de dom fan Almenum boude. Dit wie de earste Kristentsjerke yn Fryslân. Yn 1563 krige Harns tastimming fan kening Filips II fan Spanje om Almenum binnen de wâlen te lûken. Fan dat momint ôf kreauwen Harns en Barradiel oan 1684 ta oer de byhearrende rjochten en ferplichtings oant de doetiidske Fryske steedhâlder (Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz) besliste dat Almenum definityf oan Harns kaam. Neidat it doarp opnommen wie binnen de wâlen fan Harns is de St. Michaëlsdom ferfongen troch in nije tsjerke.

Der is in Fryske sêge oer de Sint Michaëlsdom. Hjiryn soe in reade wûnderdwaande banier ynmitsele wêze, de Magnusfane.