Koarnwert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Koarnwert
Flagge fan Koarnwert Wapen fan Koarnwert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Koarnwert
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2004) 100
Webstee
Koarnwert (sept. 2008)

Koarnwert is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, noard fan Makkum. It doarp hat likernôch 100 ynwenners (2004). Under it doarp falle de buorskippen Sotterum, Hou en Hiddum. Oant 2011 lei Koarnwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Yn it wapen en de flagge fan Koarnwert stiet in swan. Dit is in ferwizing nei de kloften swannen dy't winterdeis yn de Iselmar by it doarp oerwinterje.

Koarnwert is it berteplak fan Obe Postma.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Begjintiid[bewurkje seksje | edit source]

Der moat om ende by Koarnwert al bewenning west ha yn 'e Romeinske Tiid of earder. It is net wis oft der bewenning wie op de hjoeddeiske terp, mar by Sotterum binne spullen fûnen út 'e Romeinske perioade.

Yn'e tiid fan Karel de Grutte of justjes letter waard it foar it earst neamd as "Quirnifurt" of "Quirnivirt" wat fan it Aldfryske "kwirnu" (betsjut mûne) en "wurpi" (betsjut terp) ôfkomt. De namme kaam foar yn akten fan it Dútske kleaster fan Fulda, dy't skinkingen ûntfong fan 12 pleatsen yn Koarnwert.

Bloeitiid[bewurkje seksje | edit source]

De tsjerke is fan om ende by 1150 en is wide oan Sint Bonifasius. Yn 'e Midsiuwen wie Koarnwert in wichtich hannelsplak, want it lei strategysk oan 'e iennige farrûte nei Makkum fan it noarden út, dêr't de slûzen nei de Sudersee, dy't fan grut belang wie, fan it wetterôffier fan de doe machtige Hânzestêd Boalsert. Der waard hannele mei keaplju út û.o. Hamboarch en Hollân. Ut âlde registers komme nammen as "Cornwürth" en "Coernwaert" foar. Nei de Hollânske nederlaach by de Slach by Warns op 26 septimber 1345 mochten de Hollanners mar yn trije Fryske plakken hannel driuwe, te witten Koarnwert, Harich en Holwert.

Hidde Jongema[bewurkje seksje | edit source]

Yn'e rin fan'e 15e ieuw naam de betsjutting fan Koarnwert ôf en waard it njonken lizzende Makkum hieltyd wichtiger. Koarnwert waard mear in fiskers- en boeremienskip. Yn 1496 waard Koarnwert it toaniel fan de fjochterijen tusken de Skieringers en Fetkeapers. Edo (Hidde) Jongema, dy't op 'e pleats fan Hiddum wenne, wie in foaroansteande Skieringer. De Fetkeapers ûnder lieding fan Tsjerk Walta fan Boalsert woene him krije en hy ferskânste himsels yn 'e tsjerketoer. Tsjerk Walta kaam mei in legerke fan Boalserters en Warkumers nei Koarnwert en belegeren de tsjerketoer dêr't Edo yn siet. Syn freon Sjoerd fan Beyma kaam mei in legerke man út Wytmarsum, Arum en Frjentsjer en skeaten him ta help en wisten Tjerk Walta en syn mannen te ferdriuwen.

Boeremienskip[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1640 waarden der 15 boerepleatsen teld dy by Koarnwert hearden. Dat Koarnwert in rike boeremienskip wie is te fernimmen oan de talleaze ferbouwings fan de tsjerke te witten yn 1510, 1580 en 1740, en yn 1898 doe't de âlde sealtektoer ferfongen waard troch in spitse toer dy't ek foar in beaken tsjinne foar de skipfeart op de Súdersé. De lânbougrûn rûnom Koarnwert wie fruchtber en yn 1780 is de Silaardermar, dy't tusken Koarnwert en Wûns lei, droechlein. Koarnwert libbe yn dy tiid fan 'e lânbou en fiskerij, mar de lêste naam ek ôf mei oanlis fan de Ofslútdyk yn 1932.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Mei de Dútske besetting op 10 maaie 1940 waard der om Koarnwert hinne hurd fochten. De Wûnsliny, dêr't lân fan Surch ôf oer Wûns nei Makkum ûnder wetter set waard om de fijân te kearen, rûn om Koarnwert hinne. Mar de Dútsers brutsen der troch hinne en Koarnwert waard beset gebiet. Dat duorre oant 18 april 1945, doe't de Kanadezen kamen dy't Fryslân fan de Dútske besetter befrijden. Dêrbij rekken noch wat pleatsen op Hiddum en Haaium (ûnder Wûns) yn it midden fan 'e fjochterijen en rûnen in protte skea op.

Gebouwen[bewurkje seksje | edit source]

Koarnwert hie in skoalle dy't yn 1934 sluten is. Yn 1998 is ek de lêste sneinstjinst holden yn'e tsjerke fanwege it lytse tal minsken en hja binne no oanwiisd op Makkum.

Oan de Sotterumerdyk by Koarnwert stiet in mûne, de Koarnwertermûne. Dizze mûne hat yn 1907 fergunning krigen. It bemeallen fan de polder hearde oant 1972 tot de taken fan dy mûne. De polder bestiet út fûgeltsjelân dat no beheard wurdt troch It Fryske Gea. Der wurdt rûge dong brûkt en der wurdt let meand.

Ferieningslibben[bewurkje seksje | edit source]

  • Feriening foar Doarpsbelang
  • Keatsferiening "Meiïnoar Ien"


Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Doarpswei, Haaiumerleane, Hollingerleane, Houdyk, Sotterumerdyk.

De Doarpswei dat troch de doarpskearn rint hat de steatus fan Beskerme Doarpsgesicht.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]