Iemswâlde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Iemswâlde is in buorskip fan Tsjerkwert yn de gemeente Wûnseradiel. Iemswâlde leit besuden Boalsert oan de Bluodderige Feart.

Yn 855 waard Iemswâlde oan Kleaster Werden skonken. Nei 1330 waard er in úthôf fan in kleaster Hospitaal yn Snits. Yn 1580 ferfoelen de kleasterbesittings oan de herfoarme tsjerke fan Boalsert. Yn de 17e ieu wennen der in soad roomske minsken. Ynwennertal: (1957) 55.

De buorskip bestiet út in twatal pleatsen op in terp (dêr't yn 2007 ien fan ôfbaarnde) mei dêromhinne noch in stikmannich ferspraat lizzende pleatsen.

In bekende Iemswâldster is Hylke Speerstra dy't op 7 juny 1936 berne is op in buorkerij yn Iemswâlde.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen