Eksmoarre

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eksmoarre
Flagge fan Eksmoarre Wapen fan Eksmoarre
Flagge Wapen
Lokaasje fan Eksmoarre
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2007) 458
Webstee http://www.doarpsnijs.net

Eksmoarre is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, west fan Boalsert. It doarp hat likernôch 458 ynwenners (2007). Oant 2011 lei Eksmoarre yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Eksmoarre wie eartiids in fiskersdoarp. Troch it droechlizzen fan de marren der omhinne waard der mear buorke. No is der noch de Eksmoarster Opfeart nei de Makkumer Feart.

Oan de noardkant stiet de grifformearde tsjerke. Mear oan de súdkant is in tsjerke mei sealdek. Yn 1836 is de toer hjirfan ynstoarten troch in wynhoas en waard noch itselde jier ferfongen troch de hjoeddeiske houten boppebou. By restauraasje 1963-1966 kamen ûnder de plasterlaach wei romaanske finsters foar't ljocht.

[bewurkje seksje] Mienskip

Komboerd (2007)
Tsjerkje fan Eksmoarre

It doarp hat mei Allingawier it moanneblêd Doarpsnijs.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Keatsferiening Eksmoarre
  • Stifting Club '77

[bewurkje seksje] Strjitten yn Eksmoarre

Bolswarderwei, Bruindeer, Doarpsstrjitte, Ds Wilh A Brakelstrjitte, Eksmoardersyl, Hindrik Postmastrjitte, Jelle Huitemastrjitte, Lonje, Marswâl, Surein, Van der Weijstrjitte.

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Sûnt 1988 siet hjir as ûnderdiel fan Aldfaers Erf it Frysk Lânboumuseum. Doe't it te lyts waard is it sluten. De kolleksje komt skylk yn it nije Lânboumuseum yn Earnewâld, yn it eardere rekreaasjegebou fan It Wiid.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen