Jan Jelles Hof

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Jelles Hof ± 1906

Jan Jelles Hof ( De Gaastmar, 27 oktober 1872 - 13 febrewaris 1958 ) wie in Frysk skriuwer en sjoernalist.
Hy waard berne yn De Gaastmar as soan fan in skipper. Hy waard letter beropssoldaat en wurke as sjoernalist oan it Nieuwsblad Friesland, as haadredakteur by it Leeuwarder Nieuwsblad en wie redakteur fan Frysk en Frij (1945).
Hy hie in soad spul as lid fan de Fryske Beweging. Hie û.o. striidskriuwerij mei Douwe Kalma. Mei O.H.Sytstra in treflik kenner fan de Fryske folkstaal. Yn 1933 publisearre er de Friesche Dialectgeographie, in stúdzje dy't de Fryske dialektgrinzen yn kaart brocht op basis fan syn eigen fjildûndersyk.

Under de skûlnamme 'Jan fen'e Gaestmer' skreau er poëzij.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

poëzij:

  • Klankboarne (1906) (fermeardere werprintinge: Fan eigen Tiid en Folk, 1951)

proaza:

  • Omstikken en Sydstikken (1907)
  • De Greate Striid (1916)

skoalboek:

  • Yn eigen Tún (1909)

oersettings:

ferskaat

  • Nieuwe Friesche Spraakkunst ( mei O.H. Sijtstra, 1925)
  • Friesche dialectgeographie (1933)
  • Fjirtich Jier Taelstriid (1943) 4 dielen, 1940-1942
  • Dit en dat oer it Stedsk (1956)
  • brosjueres en artikels

Oer Hof en syn wurk[bewurkje seksje | edit source]

Douwe Kalma (1943) J. Tj. Piebenga (1957)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]