Klaas Bruinsma (literêr oersetter)
Ut Wikipedy
Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931) is âld-learaar en oersetter fan histoaryske literêre wurken út û.o. it Nederlânsk, it Spaansk en it Gryksk nei it Frysk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oersettings
Op Klaas Bruinsma syn namme steane oersettingen fan Karel en Elegast (Karel ende Elegast) en Béatrys (Beatrijs). Yn 1993 krige er de Dr. Obe Postmapriis foar syn oersetting út it Gryksk fan de Trageedzjes fan Sofokles. Dizze priis krige Bruinsma yn 2005 nochris, no foar syn oersettingen fan de Ilias en de Odusseia fan Homeros.
[bewurkje seksje] Learaar
Oant syn pensionearring yn 1986 wie Bruinsma learaar Ingelsk (hy koe meardere Ingelske dialekten) en skiednis oan ûnder mear it Ichthus Kollege yn Drachten.
[bewurkje seksje] Wurk
Oersettingen (in kar):
- 1973: Rein de foks (Nei it âldste flaemske hânskrift forfryske)
- 1981: Oade oan de Sipel/Oda a la Cebolla (Oerset nei Pablo Neruda)
- 1985: Sa bist (Fryske oersetting fan de Esopet (1275), 67 fabels oerset út it Midflaamsk)
- 1989: It hûs fan Bernarda Alba (Oerset nei de Spaanske skriuwer Federico García Lorca)
- 1991: Trije Trageedzjes fan Sofoklês (Fryske oersettingen nei Sofokles)
- 1993: Béatrys (De midsieuske Marialeginde, skreaun troch in ûnbekend auteur te Antwerpen om 1345 hinne)
- 1994: Karel en Elegast (Ridderroman út 'e midsieuwen, oerset út it Middelnederlânsk)
- 1995: Mei sletten doarren (Oerset nei Jean Paul Sartre)
- 1998: Mei-Maaie (Oerset nei Herman Gorter)
- 1999: De seeman (Oerset út it Aldingelsk)
- 2001: Fersen fan minne (Oerset nei Hadewych)
- 2001: Hear Gawain en de Griene Ridder (Oerset út it Middelingelsk)
- 2002: Lânwurk (Oerset nei Vergilius)
- 2003: Gysbert Japix: een keuze uit zijn werk (Mei oersettingen yn it Frysk fan Klaas Bruinsma en Jan Popkema)
- 2004: Ilias en Odusseia (Oerset nei Homêros)
- 2009: Floaris en Blankefoar (Oerset nei Diederik van Assenede)
- 2009: Marike fan Nijmegen en Elkenien (oersetting fan 'Mariken van Nieumeghen en Elckerlyc')
- 2010: De roman fan Walewein (Oerset út it Middelnederlânsk)
- 2010: De striid tusken Froasken en Mûzen (Oerset út it Nederlânsk)
- 2010: Feroaring fan Stal (Oersetting fan 'Metamorphosen' fan Ovidius)
- 2011: Fergút (Ridderroman, oerset út it Middelnederlânsk)
- 2011: Moriaan, de Swarte Ridder (Oerset út it Middelnederlânsk)
- 2012: Sint Brandaan yn fjouwerfâld (Fjouwer wurken oer Sint Brandaan, mei Eibert van der Veen dy't foar de oersetting fan it Latyn soarge)
- 2012: De striid tusken Froasken en Mûzen: audioboek, foarlêzen troch Klaas Bruinsma
[bewurkje seksje] Prizen:
- 1993: dr. Obe Postmapriis foar syn oersetting fan Sofokles Trije Trageedzjes (oerset út it Gryksk yn it Frysk)
- 1993: Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat foar syn fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal.
- 2005: dr. Obe Postmapriis foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix, de bondel Lânwurk mei de oersetting fan Vergilius’ Georgika, en benammen foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros.
- 2007 Sulveren Anjer