Johan fan Hichtum

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Johan van Hichtum")
Gean nei: navigaasje, sykje

Johan fan Hichtum, (Hichtum, ± 1560 - Nijlân, 1628), wie dûmny en ien fan de earste Fryske skriuwers fan de Universiteit fan Frjentsjer dy't dêr fan 1601-1606 studearre.

Fan Hichtum stie as predikant yn Wytmarsum (1590), Itens (1606), Ysbrechtum (1609) en Nijlân (1613).

Hy skreau ek ûnder de namme Joannes Petri Hichtummannus. Om 1605, doe't er mooglik al dûmny wie, skreau er twa fleurige en ûnsjenearde tafelspullen oer trouwen. Ien dêrfan, dy út 1506 is foar in bepaalde brulloft skreaun, fan de oare is dat ûnwis. It binne gearspraken út de wrâld fan de boeren. De iene, Ansck in Houck, is in petear tusken mem en dochter, de oare, Wouti in Tialle, giet oer in heit en soan. Beide stean fol motiven en windingen út Vigilius syn Herdersdichten. Doe't Fan Hichtum troch de klassis yn Boalsert as dûmny yn Nijlân beroppen waard, waard hy fermoanne te soargjen dat syn wurken út de hannel helle waarden.

Mooglik ynspirearre troch in klucht fan Fan Hichtum skeakele Gysbert Japiks as dichter oer fan it Nederlânsk op it Frysk.

[bewurkje seksje] Wurk

  • Woutir in Tialle - klucht, skreaun foar de brulloft fan Markus á Lycklema (1609?, werprinte yn 1639, 1714, 1826, 1908, 1929, 1939)
  • Ansk in Houck - klucht (wurdt wol oan him taskreaun, ± 1639 werprint?, 1899, 1929, 1935)

[bewurkje seksje] Oer syn wurk

  • Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof - 3. It Midfryske tiidrek’' yn: Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1997)

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels