Fryske stavering

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Mei de Fryske stavering is de stavering fan de Fryske standerttaal ornearre. De stavering dy't it Frysk hjoed-de-dei brûkt is de Steatestavering fan 1980.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Foech

Yn 1969 hat Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten.

[bewurkje seksje] Hjoeddeiske stavering

In modern staveringsboekje fan de Afûk.

De stavering fan it Frysk is fêstlein neffens de Steatestavering fan 1 jannewaris 1980, fêststeld troch de Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân yn 1979. De regeling stavering frjemde wurden fan 1982 is fêststeld troch de Deputearre Steaten fan Fryslân.

Regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen binne foar it Frysk net yn in staveringsreglemint fêstlein. Ornaris folget it Frysk de regeling dy't foar de offisjele stavering fan it Nederlânsk fêstlein is. Foar it ôfbrekken fan wurden jout it Frysk Hânwurdboek regels dy't yn 1991 troch twa frisisten beskreaun binne.[1]

[bewurkje seksje] Alfabet

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Frysk alfabet.

It Frysk brûkt mar 24 fan de 26 letters fan it Latynske alfabet, de letters q en x wurde yn prinsipe net skreaun (allinnich yn eigennammen). De 24 letters fan de Fryske fariant binne: a, b, c, d, e, f, g, h, i, j, k, l, m, n, o, p, r, s, t, u, v, w, y, z.

It Frysk hat in grut ferskaat oan fokalen. Om dy fokalen wer te jaan mei it Latynske alfabet brûkt it Fryske alfabet addisjoneel diakretyske tekens (kapkes/dakjes en streekjes). De dakjes of kapkes wurde skreaun op de a, e, o en u: â, ê, ô, û. De ú wurdt yn in sletten wurdlid foar sawol in lange as koarte <u> brûkt.

[bewurkje seksje] Foarkarstavering

Foar de foarkarstavering fan Fryske wurden hawwe sawol GrienLinks as de Ried fan de Fryske Beweging in fersyk oan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân dien. Beide wolle dúdlike regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen. In foarkarstavering soe betizing weinimme kinne as der foar ien wurd noch ferskillende farianten binne.[2] Yn febrewaris 2012 is de Fryske Akademy begûn mei it meitsjen fan in wurdlist foar de foarkarstavering.[3]

[bewurkje seksje] Fryske Akademy

Yn 1945 makke de Fryske Akademy de Akademystavering. By de staveringsferoaring fan 1945 wie gjin dúdlike regeling foar de stavering fan frjemde wurden makke. Dêrom publisearre de Fryske Akademy yn 1952 in List fan frjemde wurden.

Foar de Steatestavering fan 1980 hat de Fryske Akademy advys jûn oan Provinsjale Steaten. Nei it fêststellen fan de stavering fan frjemde wurden troch Deputearre Steaten yn 1982 wie der ferlet fan in nije list fan frjemde wurden. De Nije list fan frjemde wurden ferskynde yn 1993 en wie gearstald troch de Fryske Akademy. Yn it jier 2000 is in twadde printinge ferskynd, oanfolle mei nije frjemde wurden.

[bewurkje seksje] Skiednis

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan de Fryske stavering.

[bewurkje seksje] Iere skiednis

Mei de Anglofryske runen waard de Fryske taal yn de iere midsieuwen foar it earst werjûn mei tekens. It Anglofryske Futhark hat mear tekens as it Skandinavyske en is dêrom maklik werom te kennen, sels as de runen fier bûten Fryslân fûn binne.

Sûnt it Aldfrysk wurdt it Frysk stavere mei it Latynske alfabet. De krekte staveringsregels fan it Aldfrysk binne net bekend, mar yn it grut tal oerlevere rjochtsteksten is om it jier 1450 hinne wol in feroaring (modernisearring) yn de skriuwtaal te fernimmen. Nei 1550 is it Frysk winliken gjin skriuwtaal mear.

As de renêssânse-dichter Gysbert Japiks (1603-1666) yn it Frysk begjint te skriuwen nimt er in folslein oare, troch him sels makke, stavering foar kar.

[bewurkje seksje] Moderne stavering

Yn de 19e ieu lizze de bruorren Halbertsma de grûnslach foar de moderne Fryske stavering.

De Selskipsstavering fan 1879 wie de earste stavering fan it Frysk dy't kollektyf fêstlein wie. In bewurking fan dy stavering wie de Akademystavering fan 1945. Yn 1969 waard troch Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat dy stavering tenei as offisjele stavering fan it Frysk jilde soe.

De lêste staverinsferoaring, de Steatestavering, is fan 1980.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Dijkstra F.B., Stavering, Ljouwert: Afûk, 2003
  • Haan, R. de, Mei freonlike groetnis. Skriuwwizer mei stekwurden en foarbylden. Fryske Akademy, 1995
  • Oosterhaven, B., Nije list fan frjemde wurden, Ljouwert: Fryske Akademy, 2000
  • Pieter Duijf, Frits van der Kuip, Rienk de Haan, Hindrik Sijens, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert: Fryske Akademy & Afûk, 2008

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch by Stavering yn it Frysk Hânwurdboek, Fryske Akademy en Afûk, Ljouwert 2008
  2. It Nijs Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje
  3. Frysk Grien Boekje op itnijs.nl
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels