Harmen Sytstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Harmen Sytstra

Harmen Sytstra ( Mullum, 14 jannewaris 1817 - Baard, 4 april 1862 ) wie in Fryske skriuwer en skoalmaster.

Harmen ferlear al jong syn beide âlden en groeide op by syn beppe. Letter learde hy it bakkersfak by syn omke. Syn earste wurk bestie út in tal gedichtsjes. Yn syn frije tiid studearre er talen en wiskunde. Yn 1842 helle er in ûnderwizersgraad. Yn 1843 krijt er wurk as ûnderwizer yn Seisbierrum. Letter stie er foar de klas yn Arum, Frjentsjer, Burgum en Baard.

Hy wie yn 1844 mei Tiede Roelofs Dykstra ien fan de oprjochters fan it Ald Selskip, it 'Selscip foar Frysce Tael in Scriftekinnisse'. Yn neifolging fan de Halbertsma's joech er in ferskaat oan rimen en teltsjes, oan natoerlyryk en oan sjongsume lieten. It bekende liet 'De Wâldsang' ('Moai sûnder wjergea...') is fan him, op in wize fan Mozart. Yn 1845 ferskynde it tiidskrift Iduna. Dat orgaan fan it Selskip ferskynde foar rekken fan Sytstra. Hy wie besiele fan it ideaal om Fryslân op 'e nij ferrize te litten, sa't hy him foarstelde dat it ea west hie: grut en frij.

Harmen Sytstra ûntworp in eigen stavering foar it Frysk, de Idunastavering, nei in idee fan De Haan Hettema. Dy stavering die sterk tinken oan dy fan de midsieuske Fryske wetsteksten. Dat kaam him op in protte krityk te stean en fûn gjin neifolging. It soe te fier fan it deistich Frysk ôfstean, dêr't bygelyks Halbertsma syn stavering op basearre.

Yn 1851 waard Iduna it tydskrift fan it Selskip, dat yn dy snuorje ek begûn mei in jierboekje. Harmen Sytstra hat ek in protte bydragen levere oan jierboekjes, almanakken ensfh. Ek skreau er gedichten, mearkes, leginden en beskôgingen. Harmen stoar op 45-jierrige leeftyd oan tyfus. Hy leit begroeven yn Baard, achter it skip fan 'e tsjerke. Syn wurk is werom te finen by Tresoar.

[bewurkje seksje] Houlik

Sytstra boaske op 31 oktober 1852 oan Aukje Tabes Kooistra (Ternaard, 1821). Ut dit houlik:
1. Sytse Harmens Sytstra: Baard, 22 augustus 1853.
2. Tabo Wiger Harmens Sytstra: Baard, 26 augustus 1856.[1]
3. Onno Harmens Sytstra: (Baard, 10 oktober 1858 - Ljouwert, 20 novimber 1939)

[bewurkje seksje] Bibliografy

  • Tsien tuwsen uwt de lotterij 1841
  • It boask fan de kasteleins dochter (toanielstik) 1842
  • Hwet habba da Fryske scriûers yn acht to nimmen 1845
  • Gelukkig Hansje (skoalboakje) 1846
  • Iduna (tydskrift) 1845-1862
  • Friesche Spraakkunst (net ôfmakke) 1854-1961
  • Blau-Mandeis-Krante 1856-1857
  • Friesk riim, en onriim 1860
  • Blomlêzing út 'e gedichten fen H.S. Sytstra (2e pr. 1911) 1894
  • Striid en dream (karlêzing út proaza en fersen) 1948

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogy Thijs de Jong
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels