Mullum
Ut Wikipedy
Mullum (Midlum) is in doarp yn de gemeente Harns, noardeast fan de stêd oer it Van Harinxmakanaal yn de kromming fan de âlde Rykswei. It doarp hat likernôch 510 ynwenners (2004).
Midden yn it doarp stiet op in oerbliuwsel fan de terp de doarpstsjerke fan Mullum. Al in de 12e ieu is dizze tsjerke boud, mar yn de rin fan de tiid is der in soad oan feroare. Yn 1988 is de tsjerke fan binnen en bûten troch R. de Vries folslein renovearre. De tsjerketoer is yn 1999 restaurearre. Tsjin de toersmuorre stiet noch in âlde, goed bewarre grêfstien mei in houtseachmole derop. Yn de noardmuorre sit noch in tichtmitsele "noarmannepoarte"
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
It doapshûs "De Spil" stiet oan de Hopmanswei. Yn dit op frijwilligers draaiende doarpshûs binne in soad aktiviteiten as biljerten, grûngymnastyk, pjutteboartersplak, kaarten, toaniel en bingo. De skoalle fan it terpdoarp hjit Middelstein.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn 2008 wûnen 5 Mullumers tagelyk in priis yn de postkoadelotterij.
- In bekende Mullumer is skriuwer Harmen Sytstra (1817-1862)
[bewurkje seksje] Strjitten
Beatrixleane, Bernhardleane, Blynsewei, De Finne, Folkert Poststrjitte, Fonteinstrjitte, Frittemastrjitte, Harnzerstrjitwei, Haulewei, Hopmanswei, Julianaleane, Tsjerkestrjitte, Middelstein, Rykswei, Skieppedykje, Ungabuertsterwei, Van Harinxmastrjitte.

