Grut Frysk Diktee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Grut Frysk Diktee is in grut diktee dat om de twa jier organisearre wurdt troch de mienskiplike Dikteekommisje fan de Afûk, it taalsintrum Frysk fan it Cedin, de Fryske Akademy en It Fryske Boek. It diktee wurdt ôfnaam yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Foarôf wurdt it Lyts Frysk Diktee holden, in diktee foar skoalbern.

Ynhâld

[bewurkje seksje] 2006

Yn 2006 wie it diktee fan Hindrik Sijens. De winner fan de finale fan it Grut Frysk Diktee wie Fedde Dykstra fan Wurdum. Winner by de bekende Friezen wie kranteman Sietse de Vries. It diktee waard fuort útstjoerd troch Omrop Fryslân, oer de radio en it ynternet. It wie dit jier foar it earst mûglik en doch oer it ynternet mei mei it diktee. Winner fan de ynternetdielnimmers wie Gerrie Tichelaar fan Easterbierrum.

[bewurkje seksje] 2008

Mei 8,5 flaters wie Swaan Postma-Vondeling út Eastermar de winner. It diktee fan 2008 wie skreaun troch Hindrik Sijens, taalkundige by de Fryske Akademy. Fan de 27 dielnimmers wienen der gjin pommeranten by. De dielnimmers neamden it diktee makliker as oare jierren.[1]

[bewurkje seksje] 2010

Yn 2010 waard it diktee foar de tsiende kear holden. It tema fan it diktee wie muzyk. Skriuwer fan de tekst wie Piter Wilkens dy't it diktee sels foarlies.

Foar it jubileum dienen ek pommeranten mei lykas skriuwers, politisy en sjoernalisten. By de pommeranten wienen de steateleden Pytsje de Graaf (FNP) en Johannes Kramer (FNP), sjoernalisten Gerbrich van der Meer (Frysk Deiblêd) en Femke de Walle (Omrop Fryslân), kabaretier Ruurd Walinga, sjonger Gurbe Douwstra, skriuwers Lida Dykstra, Hylke Speerstra en ynstitútsdirekteuren Geart de Vries (Histoarysk Sintrum Ljouwert), Henk Wilbers (Cedin), en Reinier Salverda (Fryske Akademy). By de pommeranten wie skriuwster Lida Dykstra mei 8,5 flaters winneres.

De yn 2010 27-jierrige André Looijenga út Grins (berne yn Tersoal) wie mei fiif flaters de winner fan it tsiende Grut Frysk Diktee. By it diktee fan 2010 sloegen Grinzer studinten foar master op.[2]

[bewurkje seksje] 2012

It diktee fan 2012 wie skreaun troch kabaretier Rients Gratama, dy't it diktee sels ek foarlies. Pommeranten by it diktee fan 2012 wienen Wiebe Wieling, Remon de Jong, Sytse Broersma, Eric Ennema, Geart de Vries, Ate Grypstra en Ferdinand de Jong. Nei 2010 waard André Looijenga ek yn 2012 winner fan it Grut Frysk Diktee mei fjouwer flaters. Ate Grypstra wûn by de pommeranten. Hy hie ek fjouwer flaters yn it diktee makke. [3]

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân Doarpsskriuwster wint diktee 15-04-2010
  2. Frysk Deiblêd - Winner Frysk diktee: ‘Ik haw it mysels oanleard’ 21-04-2010
  3. Omrop Fryslân: Grinzer wint Frysk Diktee wer
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels