Wurdboek fan de Fryske Taal

Ut Wikipedy

It Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) is in perioadewurdboek dat de Fryske taal beskriuwt sa't dy bestie fan 1800 oant 1975. It WFT-projekt omfettet alderearst de wittenskiplike beskriuwing fan de wurdskat fan it Nijfrysk (it Frysk sûnt 1800). It wurdboek is twatalich, de ferklearringen wurde jûn yn it Nederlânsk. Mei de tariedings fan it wurdboek waard begûn yn 1938, it jier dat de Fryske Akademy oprjochte waard. It wurdboek yn 25 dielen ferskynde dêrom ek by de Fryske Akademy. It earste diel waard yn 1984 oanbean oan keninginne Beatrix; yn 2006 ferskynde diel 22. It grut Frysk wurdboek befettet sa’n 118.000 trefwurden. Nei 51 jier wurk, en 73 jier nei de tariedings, waard diel 25 op freed 11 novimber 2011 presintearre.

Foar Piter Boersma fan de Fryske Akademy is it wurdboek syn libbenswurk as projektlieder en einredakteur.

Njonken it skriuwen oan it wurdboek wurdt wurke oan de fierdere útbou fan de databank Nijfrysk.

Eksterne keppeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]