Fryske Akademy

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

De Fryske Akademy is in organisaasje dy't wittenskiplik ûndersyk docht nei de Fryske taal en kultuer, en him dêrby profilearret as "it sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis yn en oangeande Fryslân en syn mienskip, syn taal en kultuer"1. De Akademy is oprjochte yn 1938 en hâldt kantoar yn Ljouwert, yn it Coulonhûs, (Doelestrjitte 8).

It grutte Wurdboek fan'e Fryske taal/ Woordenboek der Friese taal is yn opdracht fan de Akademy makke. Dêr njonken hat de Akademy noch likernôch tûzen boeken en oare publikaasjes útjûn.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Johan Frieswijk (2000) “De oprjochting fan ‘e Fryske Akademy (1938)” in It Beaken 62, 245-265.
  • H.H. Munske et al. (red.), Handbuch des Friesischen. Handbook of Frisian Studies. Max Niemeyer Verlag, Tübingen 2001.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


1: Sitaat fan de FA har webside

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings