Ecco Epkema

Ut Wikipedy

Ecco Epkema (Wurdum, 13 oktober 1759 - Middelburch, 1 febrewaris 1832 wie in letterkundige en klassikus.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie in soan fan Nicolaas Epkema, ûnderwizer en doarpsrjochter yn Wurdum, en gie mei 19 jier nei de Latynske skoalle te Harns. Studearre dêrnei oan de Universiteit fan Frjentsjer, ûnder oaren by E. Wassenbergh, promovearre yn 1786.

Epkema wie rektor te Dokkum (1788), Inkhuzen (1789), Hoarn (1803) en Middelburch (1813-1830).

Epkema skreau Latynske en Fryske poëzy, publisearre in (kontroverzjele) útjefte fan Gysbert Japicx syn Fryske Rymlerije (1821), mei wurdboek dêrta (1824). Syn Thet Freske Riim waard postúm besoarge troch Jacob van Leeuwen (1835) dy't dêr ek in biografy by skreau. Fierders publisearre Epkema Latynske en Grykske learboeken (somtiden anonym).

Ecco Epkema wie lid fan de foarneamste letterkundige ferienings yn Nederlân. Hy hat twaris troud west, earst yn 1792 mei Gesina Neledoc, trije jier letter mei Sibylla Catherina Bruining. Mei de lêste krige er sân bern.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Epkema, Ecco.