Wurdum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wurdum
Flagge fan Wurdum Wapen fan Wurdum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wurdum
Gemeente Ljouwert
Ynwennertal (2005) 1236
Webstee Webstee Wurdum-Swichum
de himrik fan Wurdum
Wurdum fanút Idaard

Wurdum is in terpdoarp yn it Sudertrimdiel yn de gemeente Ljouwert. It doarp lei likernôch 5 kilometer súd fan Ljouwert. It is it krúspunt oan de noardein fan de A32, dy't dêr N32 wurdt. Wurdum hat 1.236 ynwenners (2005).

Op 19 oktober 1507 waard Viglius fan Aytta berne op Barhûs ûnder Wurdum. Hy wie in soan fan Folkert fan Aytta dy't de eartiidse úthôf fan it Burgumer kleaster fan 1503 ôf yn erfpacht hie. Hy wie lid fan it Hof fan Fryslân, foarsitter fan de Rie fan State, riedshear fan Karel V en foarsitter fan 'e Geheime Rie. Hy stifte yn 1572 it Aytta-Godshûs en in kapel yn Swichum.

De Ald-Swichumerdyk wie oant 1864 it iennige paad nei Swichum dat doe slim isolearre lei. De reed begûn op Barrahûs, njonken de pleats mei it soldaatsje en rûn by Wurdum en Eysingastate lâns oer in losse brêge oer de Wurdumer Feart nei Swichum.

Ferbinings[bewurkje seksje | edit source]

Wurdum leit op it krúspunt fan trije fearten:

Earder wie der ek noch:

Fan 1868 oant 1938 en fan 1940 oant 1949 hie Wurdum in stasjon oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. De geografyske ferkoarting foar Wurdum wie Wdm.

Sint-Martinustsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Sint-Martinustsjerke.

Yn it doarp stiet de monumintale protestantske Sint-Martinustsjerke. De oarspronklike dowestientsjerke wie mûglik fan 1204. Oan de ein fan de 13e ieu is it grutstepart fan de tsjerke nijboud. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Toers.

Yn likernôch 1688 of 1718 hat it doarp de toer oan de westkant fan de tsjerke ôfbrekke litten, om it jildtekoart fan de tsjerke. De toer wie fan dowestien, dat nei gedachten wie dy fan de oarspronklike tsjerke. De dowestiennen waarden ferkoft oan de semintyndustry yn Makkum. De Wurdumers hawwe dêrtroch de bynamme tuorkefretters of toerfretters. Yn de 18e ieu is de westkant fan de tsjerke noch fierder ynkoarte. It is net dúdlik of de tsjerke earder twa tuorren hie; de hjoeddeiske toer is fan 1806, en is boud wêr't nei alle gedachten earder in kapel west hat.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Wurdum hat ien feriening foar Doarpsbelang mei Swichum. De Golle is it doarpshûs fan Wurdum.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Nut en Nocht - toaniel
  • Fuotbalferiening WWS
  • tennisferiening
  • KDO - gymnastyk
  • Mei Elkoar Nij Libben - keatsen

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

It inwennertal fan Wurdum is desennialang stabyl bleaun, mar sûnt de sântiger jierren komme der stadichoan mear op-en-del-reizgers foar Ljouwert te wenjen.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Oer de strjitten fan Wurdum

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: