Jentsje Popma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Piet Paaltjens yn Ljouwert (1986)

Jentsje Popma (Swol, 30 septimber 1921) is in byldzjend keunstner.

Popma krige syn opliedingen oan de Keunstakademy yn Rotterdam en de Ryksakademy foar Byldzjende keunsten yn Amsterdam. Hy wie dosint oan Akademy Minerva yn Grins. Hy wie learmaster fan ûnder oare Gosse Dam en Douwe Elias. Hy is byldhouwer en keunstskilder en skildert benammen it lânskip. Makke yn opdracht û.o. glês-yn-lead, glês yn beton, glês-applique, sânstriele ramen, reliëfs, koperplastiken en graffitti. Ek makket er portretten en bylden yn brûns. Healwei de jierren tachtich realisearre er him hoe't natoer en lânskip stadichoan nei de barbysjes gongen. Doe't er 65 west hie, naam er himsels foar de grutte opdrachten de opdrachten te litten en him tenei inkeld noch oan it lânskip te wijen. Hy rôp syn kollega's, feriene yn de 'frije'skilderferiening Frija, op om dêr ek mear omtinken oan te jaan, en wol op in earlike manier, sûnder falske romantyk. Suvere ûnoantaaste lânskipsbylden sa't Jac. P. Thijsse se kennen hat, bestiene ommers net mear, de keunstner wie langer oanwiisd op it kultuerlânskip. Hy wennet yn Ljouwert en hat syn atelier oan de Potmargewâl. De muorreskildering 'de hynsteblom' fan it eardere Mariënburg siert dêr in muorre.Yn 2007 is de Aed Levwerd Pommeranten Priis oan him takend.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Ljouwert

Skerpenseel

Wolvegea

  • Pieter Stuyvesant (1955), Tjerk Hiddesstrjitte

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]