Anne Wadman
Anne Sybe Wadman (Langwar, 30 novimber 1919 - Snits, 6 febrewaris 1997) wie in Frysk (toaniel)skriuwer, dichter, literatuerkritikus en letterkundige dy't ek yn it Nederlânsk skreaun.
Hy studearre Nederlânsk, skiednis, Frysk en musikology; en promovearre yn 1955 cum laude op in dissertaasje oer de 19e ieuske skriuwer Hjerre Gjerrits van der Veen. As learaar en konrektor stie er oan ferskillende ûnderwiisynstellingen yn Fryslân en Grins. De Fryske skriuwster Hylkje Goïnga wie syn twadde frou.
As 15-jierrige kaam Wadman yn de kunde mei de Fryske Beweging. Dêr lizze de woartels fan syn skriuwerij. Hy begjint him los te meitsjen fan de 'bewegers' tusken 1945 en 1963. Hy wurdt in grut pleiter foar it modernisearjen fan de Fryske literatuer; die moat kwa tematyk net ôfwike fan de Jeropeeske literatuer.
Hy wurdt algemien erkend as ien fan de grutste figueren yn de Fryske literatuer fan de 20e ieu. As redakteur en kritikus wie er ferbûn oan literêre tydskriften sa as Podium en De Tsjerne; en oan deiblêden sa as de Ljouwerter Krante, en de Frysktalige edysjes fan De Waarheid en Het Vrije Volk. Polityk wie er links oriïntearre; hy hie goede kontakten mei de skriuwer Theun de Vries en filosoof Lolle Nauta. Wadman publisearre ek yn it Nederlânsk en hat besocht ek bûten Fryslân troch te brekken. Dat slagge him net en guonts tinke dat Wadman doe hast safier wie en jou de skriuwerij deroan.[1] Fierders joech er inkelde jierren it ienmanstydskrift De Teannewâder út. Dêryn ferskynde ûnder oaren syn oersetting fan Sartres La putain respectueuse.
Wadman wie saakkundich yn it werk fan Simon Vestdijk; wêroan't er ferskate essaybondels wijde. Begjin jierren tachtich ûnstie it plan om mei Hans Visser in biografy fan Vestdijk te meitsjen. Dit plan koe net útfierd wurde omdat de widdo fan Vestdijk har meiwurking einige. Doe hat Wadman him tebeklutsen.
[bewurkje seksje] Bibliografy
(ûnfolslein)
- Fan tsien wâllen (1945)
- Op koart front (1945)
- Fioele en faem (1948)
- Reedridder (1949)
- Frieslands dichters (1949; karlêzing)
- Kritysk konfoai (1951; essays)
- Yn 'e lytse loege (1960)
- Hoe moat dat nou, Marijke? (1960)
- De oerwinning fan Bjinse Houtsma (1962)
- De smearlappen (De smeerlappen, 1963)
- Kûgels foar in labbekak (1964)
- Handdruk en handgemeen. Leesavonturen met Simon Vestdijk (1965; essays)
- By de duvel to bycht (1966)
- De feestgongers (1968)
- Mei Abraham fûstkje (1969)
- It rammeljen fan de pels (Een klein sadistisch trekje, 1970, 1983; Nederlânsk)
- As in lyts baeske (1973)
- Yn Adam's harnas (1982)
- De verkrachting (1984; Nederlânsk)
- De terechtstelling (1987; Nederlâns)
- De fearren fan de wikel (1990)
- It kritysk kerwei (Resinsjes en beskôgings 1950-1970, 1990)
- Oer oarmans en eigen (Essays en kritiken 1972-1994, 1994)
- In okse nei de slachtbank (1994)
- De oarloch fan Wadman (samling mei Kûgels foar in labbekak, In bolle yn 'e reak en De fearren fan de wikel) (2010)
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
boarnefernijing+ |