Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is in publike regionale omrop. Omrop Fryslân is ien fan de âldste regionale omroppen fan Nederlân.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Omrop Fryslân begûn mei útstjoeren mei de Regionale Omroep Noord, de RON yn 1946. Yn de jierren '50 waard de RON werneamd ta RONO, de Regionale Omroep Noord en Oost. Yn 1978 waard dizze stjoerder splitst yn trije stjoerders, Noord, Oost en Radio Fryslân. Binnen de RONO waarden de Frysktalige programma's doe al tsien jier útstjoerd ûnder de namme Radio Fryslân. Yn RONO-ferbân waarden al sûnt 1946 Nederlânske radioprogramma's rjochte op Fryslân útstjoerd; yn de jierren fyftich sette de RONO ek út ein mei frysktalige programma's.
Radio Fryslân waard tige populêr troch de wize wêrop't er yn febrewaris 1979 nei in sniestoarm yn Fryslân ferslach die oer de gefolgen rûnom yn de provinsje.
Yn 1988 gie Radio Fryslân selstannich troch as Omrop Fryslân. Sûnt 1994 is der ek in tillevyzjepoat fan Omrop Fryslân aktyf. Oare ôfdielings binne nije media (tekst TV, teletekst Fryslân en nijs fia ynternet), skoalletillevyzje en it reklamebedriuw fan de omrop. Op de lanlike publike stjoerder wurdt ienris yn 'e wike in dokumintêre útstjoerd mei Nederlânske ûndertiteling.
Fan maaie 2002 oant septimber 2010 wie Hans Snijder haadredakteur fan Omrop Fryslân, nei dy tiid soe er oan de slach as haadredakteur by de Ljouwerter Krante. Snijder waard opfolge troch Jan van Friesland.
Profyl [bewurkje seksje]
De Freonen fan Omrop Fryslân is in organisaasje dy't de omrop stipet en advys jout. De omrop stjoert ornaris yn it Frysk. Fryske streektalen en it Nederlânsk binne ek te hearren. It nijs wurdt oer de radio, it ynternet, en de tillevyzje wrâldkundich makke.
De omrop hat fanwege syn spesjale rol as Frysktalige stjoerder in oere yn 'e wike stjoertiid by de nasjonale publike omrop. Dêrneist makket de omrop skoaltelevyzje en hat de status fan rampestjoerder.
Omrop Fryslân Tillevyzje [bewurkje seksje]
Omrop Fryslân is alle dagen te sjen op tillevyzje. Der wurdt útstjoerd oer de kabel en digitenne yn de provinsje. Yn grutte parten fan Jeropa is Omrop Fryslân Tillevyzje te besjen oer de Astra 3 satellyyt op 23,5 graden east. Oerdeis, fan 9.00 oere oant 17.00 oere, wurdt Omrop Fryslân radio útstjoerd op it kanaal en ferskine de nijskoppen fan teletekst ûnder yn byld. Fan fiif oer ôf wurdt der al útstjoerd.
Programs op Omrop Fryslân Televyzje:
- Hjoed; It nijsprogram fan de Omrop. Der binne trije ferskate útstjoerings, om 17.00 oere, 18.00 oere en 19.00 oere.
- Boppeslach; It sportprogram fan Omrop Fryslân
- Hea!
- Berneprogram mei Bear Boeloe en Tomke
- Lekker ite mei Reitse
- K-rûte; Keunst- en kultuerprogram
- Klipkar+; Fideoklipprogram fan Omrop Fryslân
Op sneon is der in ynkoarten program en wurdt it program Sneon útstjoerd, in praatprogram oer de aktualiteiten. Op snein is in oanpaste útstjoering en wurde der gjin nije programs útstjoerd, mar wurde de programs fan de ôfrûne wike werhelle.
Omrop Fryslân wie yn 2001 de earste regionale omrop dy’t begûn mei in eigen dramasearje, Baas Boppe Baas. Dizze searje waard opfolge troch Dankert & Dankert, dy’t basearre is op de advokaten Wim en Hans Anker.
Omrop Fryslân Tillevyzje hat ek stjoertiid op de publike kanalen fan Nederlân, omdat de oerheid de taak hat it gebrûk fan de Fryske taal yn de media te stimulearjen. Der wurdt yn totaal oan 36 oeren útstjoerd, wêrfan 15 oeren brûkt wurde foar Fryske skoalletillevyzje. Ek wurdt dizze tiid ynfolt mei dokumintêres. De programs wurde hjir Nederlânske ûndertitele útstjoerd.
Yn Fryslân hat de omrop in marktoandiel fan 11,4%. Dermei wurde allinnich de stjoerder fan RTL4 en Nederlân 1 en 2 better besjoen.[1]
Omrop Fryslân Radio [bewurkje seksje]
Omrop Fryslân Radio stjoert eltse dei fan 6.00 oere oant 23.00 oere út. Yn de tuskentiid stiet Radio 1 oan op de frekwinsje. Omrop Fryslân Radio wurdt útstjoerd op 92.2 FM. Dêrnjonken is Omrop Fryslân Radio yn grutte parten fan Jeropa te beharkje oer de Astra 3 satellyt op 23,5 graden east.
Inkele programs fan Omrop Fryslân op de radio binne:
- Omrop Fryslân Aktueel; Nijsprogram
- Omnium; Eftergrûnen by it nijs
- Noardewyn
- Muzyk yn Bedriuw
- Radio Froskepôle
- Datwiedoe; de moaiste muzyk út de jierren 60, 70 en 80
In oar program is de Fryske Top 100 dy't elts jier op âldjiersdei útstjoerd wurdt.
Yn Fryslân hat de omrop in merkoandiel fan 25%. It is dêrmei it bêst beharke radiostjoerder fan Fryslân.[1]
Freonen fan Omrop Fryslân [bewurkje seksje]
Omrop Fryslân hat ek harren eigen fanklup, de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FFOF). De feriening hat ta doel in goede publike Fryske omrop foar radio en tillevyzje. Dizze feriening is ien fan de oansletten selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging.
De Freonen fan Omrop Fryslân jouwe fjouwer kear yn it jier it blêd Each en Ear út. Dêrnjonken organisearje hja ekskurzjes, fytstochten en lêzings. Leden fan de feriening kinne koarting krije op Fryske boeken en CD's.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|