Douwe Tamminga
Douwe Annes Tamminga (Winsum, 22 novimber 1909 - Ljouwert, 5 april 2002) wie in Fryske dichter, proazaskriuwer en oersetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Tusken 1946 en 1968 wurke hy mei oan it literêre tydskrift De Tsjerne. Tamminga wie lange tyd ferbûn oan de Fryske Akademy wêr't hy meiwurke oan it Frysk Wurdboek. Hy hat wurk fan Hans Christian Andersen, Edgar Allen Poe en Dylan Thomas nei it Frysk oersetten. Hy hat in soad dichtbondels skreaun, wêrfan't Yn memoriam, wijd oan syn ferstoarne soan, de bekendste is. Dizze bondel waard yn 1975 oersetten nei it Nederlânsk troch Theun de Vries.
[bewurkje seksje] Prizen
- 1957 - Gysbert Jabikspriis foar Balladen
- 1986 - Piter Jellespriis foar De Boumaster fan de Aldehou
- 1990 - Dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting yn it Nederlânsk fan de gedichten fan Gysbert Jabiks.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- 1939 - Brandaris
- 1942 - Balladen en lieten
- 1942 - It liet fen de Wylde Mier
- 1943 - It griene jier
- 1945 - Nije gedichten
- 1945 - Weitsrop
- 1948 - Styl en stavering
- 1950 - De Hogerhuis-saek
- 1954 - God wol it
- 1956 - Balladen
- 1956 - Hwa? Hwat? Hwerre?
- 1963-1973 - Op 'e taelhelling
- 1968 - Yn memoriam
- 1969 - Mei fleur en faesje
- 1971 - Forkearspsalm
- 1973 - Dagen fan heil
- 1973 - Tsien psalmen
- 1978 - Frjemdfolk op Barrahiem
- 1979 - Stapstiennen
- 1981 - Fan hearren en sizzen
- 1985 - De boumaster fan de Aldehou
- 1985 - Kantekers
[bewurkje seksje] Tamminga-Piebenga-Fûns
Nei it ferstjerren fan Douwe Tamminga die bliken dat hy by testamint bepaald hie dat der in Tamminga-Piebenga-Fûns stifte wurde moast, dêr't literêre inisjativen út bekostige wurde kinne soene. It behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns wurdt fierd troch de Stifting It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ien fan de doelen dêr't it fûns û.o. foar brûkt wurdt is it ûnderhâld fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers gebrûk fan meitsje kinne om in pear wike yn alle rêst oan literêr wurk te arbeidzjen.
[bewurkje seksje] Fierder lêze
- Geart de Vries - Trochpaden. Oantinkens fan D. A. Tamminga (1999)