John Bowring

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sir John Bowring troch John King

Sir John Bowring (17 oktober 1792 - 23 novimber 1872) wie ûnder mear in Ingelske radikale politikus, hannelskenner, polyglot, reizger, romantysk dichter en 4e gûverneur fan Hong Kong.

Yn oktober 1828 wie er yn Fryslân en moete doe ûnder oaren jonkhear Aebinga fan Humalda, dûmny Rinse Posthumus (by wa't er útfanhûs wie), Eeltsje Halbertsma en it selskip Constanter. Yn febrewaris 1829 besocht er de Universiteit fan Grins.

Hy skreau reisbrieven en (nuveraardige) artikelen oer Fryske literatuer mei Ingelske oersettings. Hy krige swierrichheden foaral nei it partij kiezen foar de Belgyske Opstân.

Literêr wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Specimens of the Russian Poets (1821–1823)
  • Peter Schlemihl, a German Story (Oersetting, 1824)
  • Batavian Anthology (1824)
  • Ancient Poetry and Romances of Spain (1824)
  • Hymns (Partikuliere útjefte, 1825) Mei de hymnen In the cross of Christ I Glory, en Watchman, Tell Us Of The Night, dy't noch yn tsjerke brûkt wurde.
  • Specimens of the Polish Poets (1827)
  • Serbian Popular Poetry (1827)
  • Poetry of the Magyars (1830)
  • Cheskian Anthology (1832)
  • Bentham's Deontology (Editor, 1834). Volume I, Volume II
  • Minor Morals (1834)
  • Manuscript of the Queen's Court (1843)
  • The Decimal System in Numbers, Coins and Accounts (1854)
  • The Kingdom and People of Siam (1857)
  • Oersettingen fan de Hongaarske dichter Alexander Petofi (1866)
  • Oersettingen fan Frysk literêr materiaal
  • Ferskate oare pamfletten

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ingelsktalige Wikipedia, John Bowring Hjir:[1]