Midfrysk

Ut Wikipedy
Midfrysk
algemien
taalgebiet Westerlauwersk Fryslân
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Midfrysk
skaaimerken
tiidrek 15501820
ûntstien út Aldfrysk
ûntjûn ta Nijfrysk

It Midfrysk wie it Westerlauwersk Frysk sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 1550 oant 1820 sprutsen waard. Oars as dat it gefal wie mei de foargeande Aldfryske perioade, waard der yn it Midfryske tiidrek net in protte yn it Frysk skreaun. De wichtichste útsûndering op dy regel is it oeuvre fan 'e grutte skriuwer en dichter Gysbert Japiks.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taalkundich soe miskien al it Frysk fan nei 1450 eins ta it Midfrysk rekkene wurde moatte, mei't it saneamde "lette Aldfrysk" út 'e lêste iuw fan it Aldfryske tiidrek neffens ûndersikers as Reitze Jonkman en Arjen Versloot eins mear oerienkomsten fertoant mei it Midfrysk as mei it iere Aldfrysk. Tradisjoneel wurdt lykwols it jier 1550 oanholden foar de grins tusken Ald- en Midfrysk, al gie it dêrby yn alle gefallen om in tige stadige oergong, sadat eltse skiedsline eins arbitrêr is.

Neffens de tradisjonele opfettings foel it begjin fan 'e Midfryske perioade rûchwei gear mei de ein fan 'e Midsiuwen (1500) en it útbrekken fan 'e Tachtichjierrige Oarloch (1568). Troch de oerhearsking fan Fryslân troch de Saksers (en letter troch de Habsburgers) wie oan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw it Frysk as skriuwtaal yn ûnbrûk rekke, wat foar in grut part debet wie oan it feit dat it yn Fryslân as bestjoerstaal ferfongen waard troch it Hollânsk. Hoewol't der mei de fêstiging fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen, yn 1585, in nije snuorje fan frijheid oanbriek, krige it Frysk syn âlde posysje fan foar 1498 doe net werom.

Dat hie alles te krijen mei de opkomst fan Hollân as it oerhearskjende part fan 'e Republyk, en mei de dêrmei mank geande posysje fan it Hollânsk as de dominante taal yn bestjoerlike, juridyske en religieuze oangelegenheden. Benammen it ferskinen fan 'e Steatefertaling (fan 'e Bibel), yn 1637, wie in mylpeal foar de ynfloed en de fersprieding fan 'e opkommende Nederlânske standerttaal (dy't fierhinne op it Hollânsk basearre wie) en hie desastreuze gefolgen foar de politike en maatskiplike status en it taaleigen fan it Frysk en de oare minderheidstalen en dialekten yn 'e Republyk.

Sadwaande waard der yn it Midfryske tiidrek hast neat yn it Frysk skreaun, útsein sprekwurdesamlings en it wurk fan gelegenheidsdichters. De grutte útsûndering op dy regel wie Gysbert Japiks (1603-1666), in skoalmaster en foarsjonger út Boalsert, en ien fan 'e grutste skriuwers en dichters dy't it Frysk ea fuortbrocht hat. Mei syn dichtwurk, oersettings, brieven en benammen de postúm yn 1668 ferskynde Friesche Rymlerye lei hy de grûnslach foar de moderne Fryske literatuer en stavering. Oare, minder bekende Midfryske skriuwers wiene Feike Hiddes van der Ploeg, Eelke Meinerts, Jan Althuysen en Simen Althuysen. Doe't him om 1820 hinne in nije generaasje Fryske skriuwers oppenearre, mei as foarnaamste fertsjintwurdigers de bruorren Joast en Eeltsje Hiddes Halbertsma, waard dat sjoen as it begjin fan it Nijfryske tiidrek, temear om't dat gearfoel mei it ûntstean fan 'e nijere brekking, in taalkundige fernijing, yn 'e measte Fryske dialekten.

Periodisearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is frijwat diskusje oer de term en it begryp "Midfrysk". Dat hâldt ferbân mei it feit dat by in protte oare talen de middelste en moderne taalperioaden folle earder begjinne. Sa einiget yn it Nederlânsk de Aldnederlânske perioade al yn 1100, wêrnei't it Midnederlânske tiidrek fan 1100 oant 1500 rint en it Nijnederlânsk fan 1500 oant no. De measte oare Westjeropeeske talen litte in soartgelikens byld sjen. De reden foar de lettere periodisearring yn it Frysk is dat dy taal frij behâldend wie, mei as gefolch dat taalkundige fernijings dy't yn besibbe talen al yn 'e Midsiuwen plakfûn hiene, yn it Frysk pas nei 1500 trochfierd waarden. No is it Aldfrysk allinne yn skreaune foarm oerlevere, en it is net wis oft de skriuwtaal wol (hielendal) oerienkaam mei de sprektaal. Taalkundige Pieter Duijff wiisde der yn in útjefte út 2002 op dat it oerlevere Aldfrysk frijwol allegear yn 'e foarm fan wetsteksten is, dy't gauris tige behâldend yn har taalgebrûk binne. Mei oare wurden: it soe skoan kinne dat de sprektaal him doe al folle fierder ûntwikkele hie.

Yn elts gefal kin steld wurde dat it Frysk út 'e tiid fan Gysbert Japiks op guon mêden folle minder konservatyf wie as it Nijnederlânsk út deselde tiid. Sa hie it Frysk doe syn namfallestelsel al ferlern, wylst dat yn it Nederlânsk noch bestie (al begûn it doe dêr ek ôf te broazeljen). Guon taalkundigen pleitsje derfoar om 'e beneaming "Midfrysk" te ferfangen troch "Ier Nijfrysk"; dêrút soe dan blike moatte dat it Frysk de middelste taalfaze, alteast yn 'e skriuwtaal, fierhinne oerslein hat. It liket der trouwens net op dat de foarstanners fan dit omnamjen mei gauwens har sin krije sille, om't de measte saakkundigen soks as it ferhingjen fan labeltsjes beskôgje (dat oan 'e ûnderlizzende kwestje neat feroaret) en om't de term "Midfrysk" no ienris ynboargere rekke is.

Wurdboek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jelle Hendriks Brouwer wie al yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw dwaande mei de tariedings foar in Midfrysk wurdboek. Earst tusken 2003 en 2005 is lykwols troch de Fryske Akademy in taaldatabank opset dêr't alle Midfryske teksten yn ferwurke binne. As twadde stap fan dit projekt sil út dy ynformaasje no it Midfrysk wurdboek ekstrahearre wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.