Bitgum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Bitgum

Bitgum is in terpdoarp yn de gemeente Menameradiel, east fan Berltsum. It doarp hat likernôch 730 ynwenners (2004). It leit op in savelrêch yn in gebiet fan klaai.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Grut Terherne

Grut Terherne wie ien de moaiste states dy't yn Fryslân stien hawwe. It stie krekt bûten Bitgum oan de súdkant fan de wei nei Marsum. De state is troch Nicolaas Ypeij optekenene yn opdracht fan de famylje Thoe Schwartzenberg. It is yn 1879 ôfbrutsen. De tunen wienen yn Frânske styl symmetrysk oanlein.

Herfoarme tsjerke

De Herfoarme Tsjerke is boud foar 1567 omdat de tsjerke doe al yn minne steat wie. Oarspronklik is de tsjerke wijd oan Sint Martinus. It tsjerke hie earst in sealtek. Yn de toer hongen twa klokken, ien út de 13e ieu en in grutte út 1490 dy't yn 1616 en 1950 omsmolten is. Yn 1616 wie baron von Schwartzenberg tsjerkefâd. Yn 1672 waard de tsjerke nijboud mei stipe fan grytman baron Georg Frederik thoe Schwartzenberg fan Grut Terherne. De tsjerke waard boud op de âlde fûneminten, de yn 1669 ôfbrutsen tsjerke, de toer is doe net fernijd. Yn de tsjerke sit, ûnder it koar en dekt mei stjerferwulften, de grêfkelder fan de famylje Von Schwartzenberg.

Hogerhuissaak

Yn de nacht fan 5 op 6 desimber 1895 bart der wat dat liede sil ta in rjochtsaak dy't syn wjergea net ken as it giet om de lange neisleep: de saneamde Hogerhuissaak. Der wurdt ynbrutsen yn it pleatske fan Gatze Haitsma oan de Stienzer Hegedyk ûnder Britsum. De trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis wurde as fertochten oanwiisd en letter feroardiele ta seis, alve en tolve jier sitten. Oant hjoeddedei 2007 ta wurdt twivele oan de krektens fan dy feroardieling, leaver sein: sa goed as elk is der fan oertsjûge dat de Hogerhuizen de dieders net west ha. Ek de kristlik Fryske krite Karel Roarda is oertsjûge fan harren ûnskuld en yn 1988 wurdt - yn oparbeidzjen mei oare ferienings - in tinkstien foar de Hogerhuizen set op de hoeke fan de Langestraat. De publike miening oer de rjochtsaak wurdt op dy stien koart mar o sa dúdlik oanjûn: It wurd 'berjochte' is tusken skrapkes set. De tinkstien wurdt ûntbleate troch Arnolda Hogerhuis, de dochter fan Wybren Hogerhuis. Mear oer de saak Hogerhuis is te finen yn: 'De zaak Hogerhuis, eene gerechtelijke misdaad', Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert, 1984, isbn 9033013401.

Tram

Op 2 jannewaris 1899 is de tramline iepene tusken Moaie Peal nei Ljouwert. De NTM-tram ried fia Marsum, Bitgum en Berltsum. It stasjon stie yn Bitgummole en de NTM-tram ried oant 15 maaie 1939 mei passazjiers troch Berltsum. Dan nimt de NS it spoar oer foar frachtferkear en ride der trams oant 1 desimber 1957.

Swarte flagge

By it fieren/betinken fan Fryslân 500 jier giet de koster fan de Herfoarme Tsjerke fan Bitgum ta in aparte aksje oer. It provinsjaal bestjoer hat oproppen om op sneon 20 juny 1998 by it fieren fan Fryslân 500 jier massaal de flagge út te stekken. De koster docht dat ek, mar hy kiest foar in swarte flagge. Syn argumintaasje is dat Fryslân 500 jier net fierd wurde kin, mar allinnich betocht, want neffens him is it gjin 500 befrijïng, mar 500 jier besetting. En neffens him dus in swarte dei yn de skiednis.
De koster krijt in offisjele berisping fan de de gemeente fanwege it skeinen fan it flaggeprotokol (de gemeente is eigner fan de tsjerketoer) en ek de tsjerkfâlden binne net wiis mei de aksje. Mei de jierwiksel fetsje guon doarpsgenoaten it wat humoristysker op. Hja meitsje in replika fan de tsjerke mei útstutsen swarte flagge en skriuwe dêrby: 'Hee oelewapper, ik sei noch sa: it kin net ' (bekende reklamespreuk fan in bekende drankefabrikant). De koster sels wie wat fernuvere oer alle ophef en dy ophef joech neffens him dúdlik oan dat 'Fryslân 500' ûnder it folk net libbe: Guon mienden dat immen fan it keninklik hûs ferstoarn wie. Oaren fûnen it luguber, mar it hat nea myn bedoeling west om de minsken skrik oan te jeien.

Hludana-stien

Yn 1888 waard by ôfgravings fan in terp by Bitgum in ûnthjitstien fûn: de Hludana-stien. De stien is oan de goadinne Hludane wijd en leit it ferbân tusken it fiskjen en de goadinne. Oan de Latynske ynskripsje te sjen komt de stien út it begjin fan ús jiertelling. It is de ienige ûnthjitstien dy't yn Fryslân fûn is, earne oars yn Nederlân binne noch fjouwer fan sokke stienen fûn. Tegearre mei it Skriuwplankje fan Tolsum, is de stien in bewiis fan de Romeinske ynfloeden yn Fryslân. Skriftlike boarnen út dy tiid oer it eigen gebiet binne tige seldsum.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It Doarpshûs hjit "Ons Huis". Berne yn Bitgum is Jannewietske de Vries, amtner, sportbestjoerder deputearre fan Fryslân (sûnt 2007).

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Sifers fan de gemeente Menameradiel:

Berne yn Bitgum[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alddijk, Berltsumerdyk, Bessebuorren, Buorren, De Bodde, De Kamp, De Kline, De Tolve, Doniastrjitte, Feartswâl, Frânskeleane, Hemmemastrjitte, Hillige Kamp, Hoarslânsdyk, Jonkersleane, Liuwesingel, Pompsteech, Schwartzenbergstrjitte, Sint Martinuspaad, Slachtersrige, Tramdyk, Westerwirdsleane.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: