Joseph Conrad

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Joseph Conrad, foto George Charles Beresford

Joseph Conrad (3 desimber 18573 augustus 1924) wie in Poalsk-Ingelske roman- en proazaskriuwer. Hy is berne as Józef Teodor Nałęcz Konrad Korzeniowski yn Berdytsjiv, Ruslân (tsjintwurdich Oekraïne).

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Conrad waard grutbrocht yn in ferearme aadlike en patriotistyske famylje. Syn heit, Apollo Korzeniowski, skreau polityk kleure toanielstikken en sette wurk fan skriuwers as Charles Dickens, Victor Hugo en William Shakespeare oer út it Ingelsk en Frânsk.

Yn 1861 waard Josephs heit ferballe nei Vologda en de 4-jierrige Joseph en syn mem giene mei. Mei 11 jier wie Joseph lykwols al wees. Famyljelid Tadeusz Bobrowski hat him doe fierder grutbrocht oant de 16-jierrige Conrad nei Marseille ferfarde en dêr oanmonstere op in skip en seeman waard. Hy helle úteinlik it kapteinsdiploma (1886) en krige de Britske nasjonaliteit. Hy farde yn de rin fan de jierren nei alle hoeken fan de ierde en ek in skoft op in boat op de rivier de Kongo. Om't er min te sprekken wie oer de behanneling fan de ynlanners naam er dêr ûntslach. Dy tiid ferwurke er letter yn Heart of darkness, in boek dat as metafoar sjoen wurde moat foar in reis nei it ynderlik fan de minslike geast.

Yn maart 1896 boaske Conrad mei de Ingelske Jessie George, en it pear krige twa soannen: John en Borys.[1]

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Conrad wie in syn priveelibben oerhearsjend konservatyf. Hy hie in ôfgriis fan it sosjalisme ("infernal doctrines born in the continental backslums") en demokrasy ("I have no taste for democracy"). Hy hinge oer nei it beskoalmastjen fan de gwewoane man. Guon kritisy wolle hawwe dat er liberale ideeën sa as pasifysme em humanitarisme fersmiet en dat er tsjin it gelykheidsbegjinsel wie. Dêr is lykwols striderij oer, omdat er yn syn wurk no krekt faak ûnmislik hâlden en dragen en de gefolgen dêrfan beljochtet.[2]

Auteur[bewurkje seksje | edit source]

Conrad learde earst op lettere âldens it Ingelsk pas, it wie feitlik syn tredde taal, neist Poalsk en Frânsk. Dochs wurdt er troch lieratuerkritisy priisge om syn taalgebrûk.[3] Yn in protte fan syn ferhalen hat er syn eigen avontoeren en ûnderfinings út syn seemanstiid ferwurke. Tema's as beskaving, moraliteit en ek iensumens komme faak werom, ek ûnderfinings út syn jeugd as banneling foarmje in boarne foar syn wurk.

Romans en novellen[bewurkje seksje | edit source]

Roi des Belgesde boat dêr't Conrad de rivier de Kongo mei befarde (1889) en dy't beskreau wurdt yn Heart of Darkness.
  • Almayer's Folly (1895)
  • An Outcast of the Islands (1896)
  • The Nigger of the 'Narcissus' (1897)
  • Heart of Darkness (1899)
  • Lord Jim (1900)
  • The Inheritors (1901), tegearre mei Ford Madox Ford
  • Typhoon and Other Stories (Oersetting ferskynd by Uitgeverij IJzer) (1903)
  • Romance (1903), mei Ford Madox Ford
  • Nostromo (Oersetting, Uitgeverij IJzer) (1904)
  • The Secret Agent (1907), Geheim agent, útjouwer Bert bakker, 2003.
  • Under Western Eyes (1911)
  • A Personal Record (1912)
  • Chance (1913)
  • Victory (1915)
  • The Shadow Line (1917)
  • The Arrow of Gold (1919)
  • The Rescue (1920)
  • The Nature of a Crime (1923), mei Ford Madox Ford
  • The Rover (1923)
Monumint fan Conrad yn Gdynia

Ferhalebondels[bewurkje seksje | edit source]

  • Tales of Unrest (1898)
  • Youth, a Narrative and Two Other Strories (1902)
  • A Set of Six (1908)
  • 'Twixt Land and Sea (1912)
  • Tales of Hearsay (1925)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ynformaasje oer Jospeph Conrad op ynternet, rieplachte 5 septimber 2008
  2. Terry Eagleton, The English Novel: An Introduction, Blackwell Publishing, 2005, sdn. 234-35.
  3. Boekbesprekking oer Joseph Conrad