Apia
| Apia | ||
| Apia op Upolu | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 37.708 (2006) | |
| Oerflak | 60 km² | |
| Befolkingstichtens | 6.534,27/ km² | |
| Hichte | 2 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Samoa | |
| Distrikt | Tuamasaga | |
| Oar | ||
| Stifting | 1850/60 Haadstêd 1959 |
|
| Tiidsône | SST (UTC-11) | |
Apia is de haadstêd fan de Oseanyske eilannekloft en lân Samoa. De stêd leit oan de noardkust fan Upolu, Samoa's twads grutste eilân, oan in natuerlike haven by de mûning fan de rivier Vaisigano. Dêr wurdt Ingelsk en Samoaansk praat. Apia is in lytse stêd mei sa'n 38.000 ynwenners (2006). It is Samoa's ienige stêd en haven.
Apia hat in mjuks fan âlde koloniale huzen en moderne westerske bouwurken, gewoanwei oantsjut as Fale Palagi ('hûs fan de wite man'); de tradysjonele wenten fan Samoa wurde Fale Samoa neamd.
De ferneamde 19e ieuske Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson is begroeven op in hichte oan de râne fan de stêd; syn hûs dêre, Vailima, is no in museum ta syn eare.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Apia wie oarspronklik in lyts doarp dêr't de lettere haadstêd de namme fan oernaam hat. It âlde doarp Apia bestiet noch yn it moderne Apia, dêr't no ek in protte oare doarpen ta beheare.
It moderne Apia waard stifte yn de fyftiger jierren fan de 19e ieu en hat de offisjele haadstêd fan Samoa west sûnt 1959.[1]
Begjin 20e ieu begûn Samoa's stiid foar ûnôfhinklikens, organisearre yn de nasjonale Mau-beweging. Apia wie doe it plak dêr't geweldleaze protestmarsen holden waarden en dêr't doe in protte Samoanen arrestearre binne. Op de saneamde 'Swarte Sneon' roan in freedsume Mau-gearkomst út op it deadwaan fan haadman Tupua Tamasese Lealofi III troch Nij Seelânske plysjes, dat wie op 28 desimber 1929.[2]
-
Gebedshûs fan de Bahai
Klimaat [bewurkje seksje]
Apia hat in tropysk reinwâld klimaat mei frijwat fêst waar en temperatueren it hiele jier troch. Apia's meast droege moannen binne july en augustus mei in trochsneed delslach fan sa'n 80 mm. December oant maart falt it measte wetter, maklik mear as 300 mm. Trochsneed temperatuer foar Apia 26 graden Celsius.
Bestjoer [bewurkje seksje]
Apia is in part fan it polityk distrikt Tuamasaga en fan it kiesdistrikt Vaimauga-west en Faleata-east. Apia hat gjin stedsbestjoer. Apia bestiet nammentlik út sa'n 45 selstannige doarpen. It eigentlike Apia proper is mar in doarpke tusken mûningen fan de rivieren Vaisigano (east) en Mulivai (west) en de doarpen Vaisigano en Mulivai; meielkoar foarmje dy 'de stêd Apia'.
Underwiis [bewurkje seksje]
Apia hat in oantal beuker-, legere- en middelbere-skoallen en ek ynstituten foar fuortset ûnderwiis,[3] dêr't ek de iennichste universiteit fan Samoa ta heart, de Nasjonale Universiteit fan Samoa. Fierders hat de Lânbouskoalle fan de Universiteit fan de Súd-Pasifyk in kampus [4] at Alafua oan de râne fan Apia.
Universiteiten [bewurkje seksje]
- Nasjonale Universiteit fan Samoa
- Universiteit fan de Súd-Pasifyk
- Medyske Universiteit fan Oseaanje
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Apia, Samoa fan Wikimedia Commons. |