Ernest Hemingway

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ernest Miller Hemingway
Ernest Hemingway Signature.svg
Ernest Hemingway

Ernest Miller Hemingway (Oak Park (Illinois), 21 july 1899Ketchum (Idaho), 2 july 1961) wie in Amerikaansk skriuwer dy't de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1954 wûn.

Hemingway waard yn de tiid fan de Earste Wrâldoarloch ôfkeurd (grif om syn eagen). Yn stee fan soldaat waard hy foar it Reade Krús meiwurker yn in ambulance oan it Italjaanske front. Op 8 july 1918 rekke hy swierferwûne en bleau in skoftlang yn it hospitaal.

Hemingway wie trijeris troud (mei Hadley Richardson (1921), Pauline Pfeiffer (1927) en Martha Gellhorn (1940)) eardat hy yn 1944 mei Mary Welsh troude. Hy wie de heit fan trije bern, wêrfan ien soan (John) mei Hadley Richardson, en twa soannen mei Pauline Pfeiffer (Patrick en Gregory).

Hy wûn mei it boek The old man and the sea yn 1953 de Pulitzerpriis en yn 1954 de Nobelpriis foar de Literatuer.

Syn lêste libbensjierren, wêryn't hy oan swiere depresjes lijde, brocht hy benammen troch op Kuba. Op 2 july 1961 benom hy him it libben mei in skot út syn favorite gewear. Hy wie net de ienige yn syn famylje dy't selsmoard plege, Syn heit, broer, suster en syn pakesizzer kamen op inselde wize oan harren ein.

Hemingway waard bekend troch syn koarte ferhalen, dy't skaaimerke wurde troch in unike, sobere en lakonike ferhaaltrant. Syn styl soe grutte ynfloed útoefenje op it moderne Amerikaanske proaza.

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Ernest Hemingway en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.