Indianapolis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Indianapolis
Downtown indy from crown hill.JPG
Sifers
Ynwennertal 839.489 (2011)
Oerflak 963,5 km²
Befolkingstichtens 861 / km²
Stêdekloft 1.756.241
Hichte 218 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Indiana
County Marion
Oar
Tiidsône EST (UTC-5)
*Simmertiid EDT (UTC-4)
Webside Offisjele side fan Indianapolis
Marion County mei Indianapolis yn Indiana

Indianapolis is de haadstêd en grutste stêd fan de Amerikaanske steat Indiana. De stêd, dy't ek it haadplak fan Marion County is, leit sintraal yn de steat. Indianapolis hie neffens de folkstelling fan 2010 829.718 ynwenners, de agglomeraasje hat likernôch 2 miljoen.

Indianapolis leit oan de White River en Fall Creek yn in prairiegebiet dat de namme Central Till Plains hat. De stêd lei yn in suver flak gebiet mei út en troch licht weagjende hichten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De lânseigen befolking dy't yn dy kontreien tahâlde, wienen de Miami en Lenape (of Delaware) stammen, mar sy waarden yn de iere 1820er jierren ferdreaun.

Indianapolis waard 1821 stifte yn in frijwat sompich gebiet. 1820 waard al besletten dat op it plak de nije haadstêd fan de steat komme moast, dat oant doe ta Corydon west hie. Yn 1825 waard Alexander Ralston, in learling fan Pierre Charles L’Enfant de ûntwerper fan Washington, D.C., hjitten om de haadstêd fan Indiana te oan te lizzen. Hy ûntwurp in plein mids yn de stêd, dêr't oant 1857 de sit fan de gûverneur oan stie. Hjoeddedei stiet dêr it Soldate- en Seeljumonumint.

It neijier fan 1847 begûn de Madison & Indianapolis Railway mei regelmjittige tsjinsten dat in sterke befolkingsgroei fan gefolgen hie. Yn de neifolgjende tsientallen jierren waard Indianapolis ien fan de meast drokke transportknooppunten yn de Midwest. De groei fan Indianapolis gie troch oant healwei de 20e ieu, mei troch de fynst fan ierdoalje en ierdgas yn de omkriten. Yn de jierren 1970 oant 1980 begûn de stêd stadichoan wat te ferrinnewearjen, omdat middenstânslju nei de bûtenwiken teinen. Dat proses wie yn 1990 dien, doe't úteinset waard mei in fernijingsprojekt yn de binnenstêd, dat fan it sintrum wer in gaadlik plak meitsje moast foar bewenners en bedriuwen.

[bewurkje seksje] Ekonomy

Indianapolis leit yn it yndustriële part fan it 'Midwesten' dat de Manufacturing Belt neamd wurdt en dat fan New York City oant Chicago rikt. Nettsjinsteande dat feit is it Indianapolis in ferskaat oan ekonomyske gebieten te ûntjaan en sa in regionaal sakesintrum en toeristyskee trekpleister te wurden. De jierlikse Indianapolis 500-autorace is ien fan de grutste publykslûkers. thumb|left|De Wite Rivier yn Indianapolis

[bewurkje seksje] Loftfeart

Indianapolis International Airport is de grutste lofthaven yn de steat Indiana en leit 11 kilometer súdwestlik fan Indianapolis. Sûnt 2006 is it de iennige kommersjele lofthaven yn de Feriene Steaten dy't folslein ûnderhâlden wurdt troch in private firma. Dochs rint der in juridyske prosedure foar it beënigjen fan it menedzjmintkontrakt omdat BAA Limited it kontrakt net ferlingje wol.

[bewurkje seksje] Underwiis

Universitêr ûnderwiis yn Indianapolis kin folge wurde oan de Universiteit fan Indianapolis, Butler-universiteit en Indiana University-Purdue University Indianapolis, in ûnderdiel dan Purdue-universiteit. Butler University wie de earste dy't iepene waard, yn 1855 as in Kristlike skoalle, mar is wilens net mear oan in beskate religy bûn. It Ivy Tech Community College of Indiana is it grutste ynstitút foar heger ûnderwiis mei sa'n 12.000 studinten.

Op leger nivo fersoargje ferskate skoaldistrikten it leger en fuortset ûnderwiis. It grutste distrikt is Indianapolis Public Schools dat 79 skoallen op'e noed hat mei benei 40.000 studinten.

[bewurkje seksje] Berne yn Indianapolis

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen