Prêrje

Ut Wikipedy
De prêrje yn it Nasjonaal Park de Badlands yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, mei in mingde foarm fan fegetaasje.

In prêrje, prêry of prairie (fan it Frânske wurd prairie, dat "greide" betsjut) is in lânskipstype en ekosysteem dat fierhinne bestiet út gersflakten. Hoewol't de namme "prêrje" spesifyk ferbûn is mei it Noardamerikaanske kontinint, kin it eins lykslein wurde mei de pampa's fan Súd-Amearika en de steppen fan Jeraazje. In prêrje ûnderskiedt him fan oare lânskiptypen troch tuskenbeiden klimatologyske omstannichheden, evenredige delslachhoemannichten en gerzen en krûden mei hjir en dêr wat strewelleguod as it dominante fegetaasjetype.

De prêrje yn 'e Feriene Steaten. (d.grien = langgerzige prêrje; grien = mingde prêrje; lj.grien = koartgerzige prêrje)

De prêrje omfettet in alderûnbidichst grutte lape fan it binnenlân fan Noard-Amearika en strekt him út oer sawol de Feriene Steaten as súdlik Kanada, mei in pear isolearre stikken yn noardlik Meksiko. Dat gebiet omfiemet de hiele Grutte Flakten, mar dêropta noch it wietere, heuveleftiger lân eastlik dêrfan. Yn it westen wurdt de prêrje begrinzge troch de Rocky Mountains, al is de Sintrale Delling fan Kalifornje ek in soarte fan prêrje. Beëasten de bergen beslacht de prêrje alle of frijwol alle lân fan 'e Amerikaanske steaten Noard-Dakota, Súd-Dakota, Nebraska, Kansas en Oklahoma. Grutte dielen fan 'e steaten Montana, Wyoming, Kolorado, Nij-Meksiko, Teksas, Missoury, Iowa, Illinois, Indiana, Wiskonsin en Minnesota binne ek prêrje. Yn Kanada beslacht de prêrje rûchwei de súdlike helten fan 'e provinsjes Manitoba, Saskatchewan en Alberta.

De Noardamerikaanske prêrjes ûntstiene oan 'e ein fan 'e lêste iistiid, sa'n 10.000 jier lyn, en hawwe harren bestean te tankjen oan 'e formaasje fan 'e Rocky Mountains. Dy skoepen nammentlik in reinskaad dat de beammen yn in grut gebiet eastlik fan 'e bergen útrûge. De ûndergrûn fan 'e prêrjes bestiet fierhinne út löss, dat fetber is foar wyneroazje. De prêrjefegetaasje hat lykwols sokke djippe woartels dat sels yn tiden fan grutte drûchte de grûn fêstholden wurdt. Pas doe't blanke kolonisten de lânseigen prêrjebegroeiïng begûnen te ferfangen troch eksoatyske planten (d.w.s. nôt), waard it systeem fersteurd en ûntstiene der omstannichheden dy't yn tritiger jierren fan 'e tweintichste iuw ta de saneamde Dust Bowl laten, in perioade fan swiere stofstoarmen, dy't de ekology en lânbou op 'e Amerikaanske en Kanadeeske prêrjes slim skansearren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.