Kansas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Kansas
Vlag van Kansas Gjin wapen
Map of USA highlighting Kansas.png
Ofkoarting KS
Haadstêd Topeka
Tiidsône -6 / -7
Algemien
Oerflakte 213.283
Befolking 2.735.502
Oare ynformaasje
Tatreden 29 jannewaris 1861
Oantal countys 105

Kansas is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Topeka. De namme Kansas is ôfkomstich fan it Siouks-wurd kansa, dat "folk fan de súdwyn" betsjut.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Op 29 jannewaris 1861 waard Kansas de 34e steat fan de Feriene Steaten.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Kansas is 213.283 km² grut en is sawat rjochtkantich. It heechste punt is Mount Sunflower op 1231 meter hichte. Yn it noarden grinzet Kansas oan Nebraska, yn it suden oan Oklahoma, yn it westen aan Kolorado en yn it easten oan Missoury. It leit om-ende-by like fier fuort fan de Atlantyske as de Stille Oseaan. Kansas leit foar it grutste part yn de Sintral-tiidsône, mar it lyts part fan it westen heart by de Mountain-tiidsône. Kansas is ek de namme fan de grutte rivier yn it easten fan de steat, dy't út it Tuttle Creek Lake streamt en útkomt yn de Missoury.

Bûten de steedlike gebieten bestiet Kansas benammen út grutte flakten dy't tin befolke binne en dêr't sawol oan lânbou as feehâlderij dien wurdt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia