Wyoming
|
|
||||
![]() |
||||
| Ofkoarting | WY | |||
| Haadstêd | Cheyenne | |||
| Tiidsône | -7 | |||
| Algemien | ||||
|---|---|---|---|---|
| Oerflakte | 253.554 | |||
| Befolking | 506.529 | |||
| Oare ynformaasje | ||||
| Tatreden | 10 july 1890 | |||
| Oantal countys | 23 | |||
Wyoming is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Cheyenne. Der lizze ek Yndianereservaten û.o. it grutte Wind River.
[bewurkje seksje] Skiednis
Foarhinne waard it gebiet ynearsten befolke troch Yndianestammen. Nei de ûntdekking fan de Nije Wrâld troch Kolumbus festigen har blanken yn it gebiet en kaam de regio yn Frânske hannen. De Frânsken ferkochten it grutste part yn 1803 oan de Feriene Steaten. Op 10 july 1890 waard Wyoming de 44e steat fan Amearika. Wyoming krige syn namme troch de kolonisten dy't nei it skynt ôfkomstich wienen út de Wyoming Valley yn Noard-East Pennsylvania.
Yn 1869 wie Wyoming de earste steat fan Amearika dy't it frouljuskiesrjocht ynfierde.
[bewurkje seksje] Geografy
De steat Wyoming is 253.554 km² grut. Wyoming is krektsa as Kolorado folslein rjochtkantich en leit yn de Mountain-tiidsône.
Yn it noarden grinzet Wyoming oan de steat Montana, yn it westen oan Idaho en Utah, yn it easten oan Súd Dakota en Nebraska en yn it suden oan Kolorado.
De wichtichste rivier is de Platte. De grutste marren binne Yellestone Lake, Jackson Lake en it Flaming Gorge Reservoir.
Wyoming wordt yn twaën snien troch de Rocky Mountains, en grutte parten binne bercheftich. It heechste punt is de top fan Gannett Peak (4207 m). Yn it easten lizze de Black Hills foar in lyts part yn Wyoming, it oare part leit yn Súd Dakota. De Black Hills wurde omfieme troch de Great Plains.
Wyoming hat in protte moaie natuergebieten. Yn it noardwesten leit it ferneamde Yellowstone National Park, dêr't ûnder oare in soad geisers binne. Benoarden fan it plak Jackson is it National Elk Refuge, in reservaat wêr't alle jierren tûzenen elanden de winter trochbringe. Ek libje der noch in soad hynders yn it wyld.
Nei alle gedachten waarden by Como Bluff yn 1878 de earste fynsten dien fan dinosauriër fosilen. De bonken kamen oan it ljocht as gefolch fan de oanlis fan de Union Pacific-spoarline. Dat plak wurdt no ek wol Dinosaur Graveyard neamd.
