Hea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
pakjeshea
Hea yn rûne balen. Wurdt yn Fryslân benammen brûkt by bermgers

Hea bestiet yn haadsaak út droege gers, mar der sitte ek oare planten yn dy't tusken it gers groeie. Der is ek Luzernehea dat út droege luzerne bestiet.

Hea wurdt brûkt as bistefretten yn de winter of yn droege perioades as der net folle gers groeit. Hea wurd makke troch in stik lân te meanen en dan it gers in skoft droegje te litten yn de sinne. It gers moat dan wol in kear of wat skodde wurde om it goed droech te krijen. Hea is droege gers, strie is droege nôtstâlen.

Kwaliteit[bewurkje seksje | edit source]

Hoe jonger it meande gers is, hoe heger de foerwearde. As gers trochsjit (blomstâlen foarmjen giet) wurdt it hea minder fertarber, dêr't it foar heechproduktive melkkij minder geskikt troch wurdt. Hynders kinne lykwols better mei letter meand gers fuorre wurde, omdat se maklik te fet wurde as se gjin swier wurk hoege te fersetten. Dêrneist is der hea fan gers dat kweekt wurdt foar gerssied, dat in lege fiedingswearde hat.

Skealik ûntúch[bewurkje seksje | edit source]

Yn hea kin de foar bisten fergiftige Jabikskrúswoartel foarkomme. De giftige stoffen yn krúswoartelplanten bliuwe yn de plant en 'besmette' de rest fan it hea net. It is lykwols wol ferstannich om de rest fan de heabaal net foar fretten te brûken om út te sluten dat ûnherkenbere resten fan krúswoartelplanten dy't yn it hea sitte ta fergiftiging liede kinne.

Opslach[bewurkje seksje | edit source]

Hea waard eartiids opslein yn in heaberch, mar tsjintwurdich parse yn heabalen, dy't yn de skuorre opsteapele wurde. It kin barre dat as it hea te fochtich is der letter broei en brân ûntstean kin. Om broei tsjin te gean, kin in heafentilator brûkt wurde. By de opbou fan de golle moat dan in fentilaasjekanaal frijholden wurde dêr't de fentilator foar setten wurdt. It foardiel is dat it hea wat minder droech binnenhelle wurde kin. Hea kin masinaal nei it heafek transportearre wurde mei in heablazer of in hea-elevator. In hea-elevator kin ek brûkt wurde om heabalen nei it heafek te transportearjen.

De eigen rook fan hea wurdt feroarsake troch de oanwêzichens fan Rûkersgers (Anthoxantum odoratum) yn it hea.

Yn de moderne feetylt is de funksje fan hea ferfongen kûlgers.

Utdrukkingen mei hea[bewurkje seksje | edit source]

  • Fan it strie yn it hea en fan it hea yn'e side komme (it hieltiten better krije)
  • Hea terskje (nutteleas wurk dwaan)
  • Tefolle hea oer de balke helje (tefolle hea op de foarke nimme)
  • Noch yn it hea moatte (it drok hawwe)