Maine
|
|
||||
![]() |
||||
| Ofkoarting | ME | |||
| Haadstêd | Augusta | |||
| Tiidsône | -5 | |||
| Algemien | ||||
|---|---|---|---|---|
| Oerflakte | 86.542 | |||
| Befolking | 1.317.253 | |||
| Oare ynformaasje | ||||
| Tatreden | 15 maart 1820 | |||
| Oantal countys | 16 | |||
Maine is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Augusta. Sa'n 5,3% fan de befolking is Frânsktalich, it heechste persintaazje fan de Feriene Steaten.
Skiednis [bewurkje seksje]
De earste delsetting yn Maine, Popham, is fan 1607 en yn 1652 waard Maine yn besit naam troch de Massachusetts Bay Colony. Maine waard op 15 maart 1820 de 23e steat fan de Feriene Steaten. Oant 1832 wie Portland haadstêd, dêrnei Augusta dat mear sintraal leit.
Om 1840 hinne spile him in konflikt ôf oer de grins tusken Maine en de doetiidske Britske koloanje Kanada. Alhoewol't der net fjochten waard, is dat konflikt bekend wurden as de Aroostookoarloch. Lang om let waard de grins fan Maine mei Kanada fêstlein yn 1842 yn it saneamde Webster-Ashburton Treaty ferdrach.
De staat is nei alle gedachten ferneamd nei de eardere Frânske provinsje Maine yn Frankryk.
Geografy [bewurkje seksje]
It oerflak fan de steat Maine is 86.542 km² grut en de steat leit yn de Easterske tiidsône.
Maine leit oan de Atlantyske Oseaan en grinzet yn it noarden oan Kanada en yn it westen en suden oan de steat Nij Hampshire. West Quoddy Head is it meast eastlike punt fan de Feriene Steaten.
Utsein de kustgebieten is Maine frij berch- en heuveleftich. It heechste punt is de pyk fan Mount Katahdin (1608 meter).
By de kust del lizze in protte eilannen. De wichtichste rivieren binne de Kennebec en de Penobscot. Fierders lizze yn Maine in soad marren, dêr't Moosehead Lake de grutste fan is. It meastepart fan de steat is mei bosk begroeid.
