Portland (Maine)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portland (Maine)
DowntownPortlandMe1.jpg
Flagge Wapen
PortlandMeflag.png Seal of Portland, Maine.gif
Sifers
Ynwennertal 66.194 (2010)
Oerflak 179,9 km² (ynkl. wetter)
55,2 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 1.199,7 / km²
Stêdekloft 516.826 (2010)
Hichte 19 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Maine.svg Maine
County Cumberland County
Oar
Stifting 1633
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 43°40′N 70°16′W
Webside www.portlandmaine.gov
De lizzing fan Portland yn 'e steat Maine.
Utsicht oer Casco Bay.

Portland is de grutste stêd yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Maine, en it haadplak fan Cumberland County. Neffens de folkstelling fan 2010 hie de stêd goed 66.000 ynwenners, en in skatting út 2012 lit sjen dat dat frijwol gelyk bleaun is. As it stedske en heal ferstedske gebiet om Portland hinne meirekkene wurdt, komt it as stêdekloft op in folle heger ynwennerstal fan rom 516.000 út; dat is mear as in trêde part fan 'e totale befolking fan Maine.

Portland waard stifte yn 1633, en krige de status fan stêd yn 1786. De stêd leit oan 'e kust fan Maine, op it punt dêr't de rivier de Fore útmûnet yn Casco Bay. Portland hiet earst fan Casco (1633-1658), doe fan Falmouth (1658-1786), en waard yn 1786 Portland neamd, nei it Ingelske eilân Portland, foar de kust fan it greefskip Dorset. De folle gruttere stêd Portland, yn 'e Amerikaanske steat Oregon, oan 'e westkust, is nei Portland yn Maine neamd.

Portland is yn syn skiednis troch ferskillende grutte brânen teheistere; dêrfandinne dat it helmteken op it wapen fan 'e stêd in feniks foarstelt dy't út 'e jiske werriist, en dat it biedwurd fan Portland Resurgam is (Latyn foar "Ik sil wer opstean"). Sa rekken by de Grutte Brân fan Portland, yn 1866, dy't begûn ûnder de fiering fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei, mear as 10.000 minsken dakleas.

Maine, dat earst in distrikt fan 'e steat Massachusetts wie, waard yn 1820 in selsstannige steat, mei Portland as haadstêd. Yn 1832 waard de haadstêd lykwols ferpleatst nei Augusta. Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fûn op 26 juny 1863 te Portland de Slach om de Haven fan Portland plak, it noardlikste militêre treffen fan 'e hiele oarloch, doe't in Súdlike ôfdieling ûnder lieding fan kaptein Charles Read it stedsje binnenfoel en besit besocht te nimmen fan 'e haven.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.