Ateïsme
Ateïsme is de ôfwêzichheid fan leauwen yn ien of meardere (persoanlike) goaden, of de oanname dat er gjin god of goaden bestean kinne.
Yn de 19e ieu wie de (herfoarme) folkstsjerke ferstive. It moraalpreekjen fan de moderne prekers as Algra en it net ferstean fan de sosjale need (M. Staverman) ferfrjemde in soad arbeiders fan de tsjerke. Ek oare faktoren spilen hjiryn mei (J.P. Kruyt). De bûtentsjerklikheid groeide, benammen yn It Bilt en de feanstreken. Dizze arbeiders waarden fetber foar it Ateisme dat propagearre waard troch de frijtinkers fan de Dagerea (1856 - 1957, fuortset ûnder namme De Vrije Gedachte). De Fryske arbeider seach de earmoede om him hinne en koe net leauwe dat in god dêr de hân yn hawwe soe.
In soad leden fan de Folkspartij wiene militant ateist, ûnder oare Vitus Bruinsma. Sosjalist en ateïst waarden ien begryp. De lettere SDAP stie alteast yn it begjin, praktysk op histoarysk-materialistysk stânpunt en wurke sa it ateisme yn de hân. Se wantroude elk kristlik begjinsel. Nei de Earste Wrâldoarloch sloech dit om. It wie net mear in strydber ateisme mar folsleine ûnferskillichheid foar it kristendom oer. It Humanisme fong hjirfan in lyts, yntellektueel diel op. De Dagereagroep hie noch ynfloed ûnder de arbeiders dy't net trochleard hienen en guon yntellektuelen.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Richard Dawkins (2006), God als misvatting. Nieuw Amsterdam.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|