West-Firginia

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of West Virginia
Vlag van West Virginia Gjin wapen
Map of USA highlighting West Virginia.png
Ofkoarting WF
Haadstêd Charleston
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 62.809
Befolking 1.815.354
Oare ynformaasje
Tatreden 20 juny 1863
Oantal countys 55

West-Firginia is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Charleston.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

West-Firginia waard eartiids befolke troch Yndianestammen. Oant de Amerikaanske Boargeroarloch hearde it by de steat Firginia. Doe't Firginia har ôfskiede fan de Uny, skieden de westlike countys harren wer ôf fan Ferginia, op 27 april 1861. Op 31 desimber 1862 ûndertekene Abraham Lincoln in wet dy't it West-Firginia mooglik makke om in eigen steat te foarmjen. Op 20 juny 1863 waard it de 35e steat fan de Feriene Steaten.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It oerflak fan de steat West-Firginia is 62.809 km² grut en leit yn de Easterske tiidsône.

West-Firginia grinzet yn it noarden oan de steat Pennsylvania, yn it westen oan Ohio en Kentucky, yn it easten oan Marylân en yn it suden oan Firginia.

De wichtichste rivier is de Ohio, dy't de grins foarmet mei Ohio. De steat leit foar in part yn de Appalachen, mei de pyk fan Spruce Knob (1482 meter) as heechste punt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia