Connie Booth

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Connie Booth as jongfaam

Constance Booth (Indianapolis, Indiana; 31 jannewaris 1944) is in Amerikaansk auteur en aktrise. Booth is it meast ferneamd troch har optredens op de Britske televyzje, benammen troch har wurk yn'e mande mei John Cleese, dêr't sy doe mei troud wie.

Booth makke har debút op de Britske televisie yn 1968. Sy trede geregeldwei op yn de televyzjerige Monty Python's Flying Circus. Yn de film Monty Python and the Holy Grail wie sy de frou dy't beskuldige waard fan tsjoenderij. Sy skreau en aktearre tegearre mei har doetiidske man John Cleese yn de televyzjerige Fawlty Towers.

Booth en Cleese trouden op 20 febrewaris 1968 en gienen yn 1978 út elkoar. Sy hawwe in dochter, Cynthia Cleese (berne yn 1971).

Connie Booth spile dêrnei ferskate rollen op de Britske televyzje, soms kaam har Amerikaansk aksint dêrby fan pas, sa as foar de rol fan Mrs. Errol yn de BBC-bewurking fan Little Lord Fauntleroy en juffer March yn Edith Wharton har The Buccaneers.

Booth aktearret net mear, sy is no oant wurk as psychoterapeut yn London.

[bewurkje seksje] Filmografy

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen