Detroit
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
| Detroit | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 713.777 (2010) | |
| Oerflak | 307,4 km² | |
| Befolkingstichtens | 1985,3 / km² | |
| Stêdekloft | 4.296.250, | |
| Hichte | 183 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Michigan | |
| County | Wayne | |
| Oar | ||
| Stifting | 1701 | |
| Tiidsône | EST (UTC-5) | |
| *Simmertiid | (UTC-4) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | www.detroitmi.gov | |
Detroit is de grutste stêd yn de Amerikaanske steat Michigan, en is wat ynwennertal oanbelanget de 18e stêd fan de Feriene Steaten. De stêd leit oan de ouwers fan de rivier de Detroit tusken it Eriemar en Saint Clairmar (Twa fan de Grutte Marren).
Detroit is fral bekend fanwege syn grutte autoyndustry. De grutte Amerikaanse automerken hawwe dêr harren haadkertier: Ford, General Motors en Chrysler. Yn de earste helte fan de 20e ieu hie de stêd hûnderten autofabrikanten. Dêrfandinne har bynamme, 'Motor City'.
De stêd heart ta de saneamde Rust Belt ('rostbulte'), it eardere yndustriële hert fan de Feriene Steaten.
Ynhâld |
Klimaat [bewurkje seksje]
Detroit hat in lânklimaat mei kâlde winters en waarme simmers. Yn jannewaris is de trochsneed temperatuer -4,1 °C, yn juli is dat 23,4 °C. Dêr falt trochstrings 815,1 mm delslach yn it jier, in grut part dêrfan is snie (feiten op grûn fan mjitperioade 1961-1990).
Ferkear [bewurkje seksje]
Detroit hat in metrosysteem dat bekend stiet as de Detroit People Mover.
Kranten yn Detroit [bewurkje seksje]
- Detroit Free Press
- Detroit News
- The Metro Times
- The Michigan Citizen
- De Nederlânsktalige Gazette van Detroit
Berne yn Detroit [bewurkje seksje]
- Avery Brundage (28 septimber 1887 - 1975), atleet en sportbestjoerder
- Ralph Craig (21 juny 1889-1972), atleet
- Charles Lindbergh (1902 - 1974), loftfeartpionier
- Ralph Bunche (7 augustus 1903-9 desimber 1971), diplomaat en Nobelpriiswinner
- John DeLorean (1925-2005), yngenieur en autofabrikant
- Roger Corman (1926), filmregisseur en -produsint (B-film)
- George Peppard (1 oktober 1928 - 1994), akteur, Hannibal Smith yn The A-Team
- Berry Gordy (28 novimber 1929), produsint
- Abdul "Duke" Fakir (26 desimber 1935), sjonger fan The Four Tops
- Levi Stubbs (6 juny 1936-2008), leadsjonger fan The Four Tops
- Lawrence Payton (12 maart 1938-1997), sjonger fan The Four Tops
- Ronnie White (5 april 1939 - 26 augustus 1995), soulsjonger (fan The Miracles)
- Francis Ford Coppola (7 april 1939), filmregisseur, filmprodusint, senarioskriuwer en wijnboer
- Freddie Gorman, (11 april 1939), sjonger fan The Originals
- Eddie Holland (30 oktober 1939), artyst en komponist
- Smokey Robinson (19 febrewaris 1940), sjonger en produsint
- Brian Holland (15 febrewaris 1941), komponist
- Lamont Dozier (16 juni 1941), artyst en komponist
- Barbara Randolph (5 myaie 1942), sjongster
- Henry Carr (27 novimber 1942), sprinter
- Rosalind Ashford (2 septimber 1943), sjongster
- Diana Ross (26 maart 1944), sjongster
- Mitt Romney (12 maart 1947), politikus
- Alice Cooper (1948), sjonger
- Chuck Deely (1951), Haachse strjitmuzikant
- Jeff Mills (18 juny 1963), dj
- Quincy Watts (19 juny 1970), sprinter
- Puff Johnson (10 desimber 1972), sjongster
- Sufjan Stevens (1 july 1975), muzikant
- Proof / Deshaun Holton(2 oktober 1975 - 2006), akteur en rapper (dêre ek stoarn)
- Obie Trice (14 novimber 1977), rapper
- Carly Piper (23 septimber 1983), swimster
- Mike Posner (12 febrewaris 1988), sjonger
- Eminem (Marshall Mathers) (17 oktober 1972), rapper