Chuck Deely
Chuck Deely, berne as Charles Edward Deely III (Detroit, 1951) is in Haachske strjitmuzikant. Sûnt 1996 spilet er yn it sintrum fan De Haach. Meastal is hy te finen yn de Vlamingstrjitte, op it Sintraal Stasjon (moarns ier), of sit er tsjin de muorre fan de Albert Heijn yn de Grote Marktstraat. Simmerdeis giet er ek de terrassen by del.
Yn 2005 makke it NCRV-programma Man Bijt Hond in twadielich portret fan Chuck Deely.
2009 wûn Chuck Deely de Haachske Poppriis.
Yn 2010 makke Ruben van Lingen, foar syn eineksamen oan de Willem de Kooning Akademy fan Rotterdam, de koarte dokumintêre "Privilege" oer it libben fan Chuck Deely. Dy film waard toand op it 'Nederlands Filmfestival' 2010 yn Utert en op it 'Shoot Me Film Festival' 2010 yn De Haach.
Chuck Deely spilet op gitaar en hat in rauwe, roastige stim, dy't jin tinken docht oan it lûd fan Bob Dylan en Neil Young. Hy wikselet covers fan ûnder oaren de The Rolling Stones, Crosby, Stills, Nash & Young en Proud Mary ôf mei eigen wurk.