Bob Dylan

Ut Wikipedy
Bob Dylan yn 1963
Bob Dylan yn 1984 yn Rotterdam

Bob Dylan (berne as Robert Allen Zimmerman; Duluth (Minnesota), 24 maaie 1941) is in Amerikaansk sjonger, lietsjeskriuwer en byldzjend keunstner. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e meast ynfloedrike muzikanten út 'e moderne muzykskiednis. Yn 2016 wûn er foar syn oeuvre de Nobelpriis foar de Literatuer.

Dylan syn poëtysk en maatskippij-kritysk wurk is troch in soad oare artysten útfierd. Ferskate grutte nammen út 'e muzykyndustry tankje har súkses foar in grut part oan 'e nûmers fan Dylan, lykas The Birds mei Dylans Tambourine Man en Joan Baez (Dylans earste frou) mei û.o. Knockin' On Heavens Door. Yn Fryslân hawwe Ernst Langhout en Johan Keus twa cd's makke mei Dylan-lieten yn oersetting fan Harmen Wind, en teffens ferskynde in sammel-cd fan alve artysten mei lieten fan Dylan ûnder de titel Earder as Letter.

Bob Dylan syn typyske nasale stim brocht guon kritisy derta om te sizzen dat de minste fertolker fan Dylan syn oeuvre Bob Dylan sels is. Dochs hat er mei syn eigen styl en hast einleas repertwaar in soad fans. Oant hjoed de dei ta bringt Dylan nij wurk út en jout er geregeldwei rûnom yn 'e wrâld konserten.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Christmas in the Heart (2009)
  • Together Through Live (2009)
  • Tell Tale Signs (2008)
  • Dylan (3CD) (2007)
  • Modern Times (2006)
  • The Best of Bob Dylan (2005)
  • No direction Home (2005)
  • The Bootleg Series - Live 1964 (2004)
  • The Bootleg Series - Live 1975 (2002)
  • Love and Theft (2001)
  • The Essential Bob Dylan (2000)
  • Live 1966 - 1998
  • Time Out Of Mind (1997)
  • MTV Unplugged (1995)
  • Bob Dylan's Greatest Hits, Vol. 3 (1994)
  • World Gone Wrong (1993)
  • The 30th Anniversary Concert Celebration (1993)
  • Good as I Been to You (1992)
  • The Bootleg Series Volumes 1-3 (1991)
  • Under the Red Sky (1990)
  • Oh Mercy (1989)
  • Down in the Groove (1988)
  • Dylan & the Dead (1988)
  • Knocked Out Loaded (1986)
  • Biograph (1985)
  • Empire Burlesque (1985)
  • Real Live (1984)
  • Infidels (1983)
  • Shot of Love (1981)
  • Saved (1980)
  • Slow Train Coming (1979)
  • Live At Budokan (1979)
  • Street Legal (1978)
  • Hard Rain (1976)
  • Desire (1976)
  • The Basement Tapes (1975)
  • Blood on the Tracks (1975)
  • Before the Flood (1974)
  • Planet Waves (1974)
  • Dylan (1973)
  • Pat Garrett and Billy the Kid (1973)
  • Bob Dylan's Greatest Hits, Vol. 2 (1971)
  • New Morning (1970)
  • Self Portrait (1970)
  • Nashville Skyline (1969)
  • John Wesley Harding (1967)
  • Bob Dylan's Greatest Hits (1967)
  • Blonde on Blonde (1966)
  • Highway 61 Revisited (1965)
  • Bringing It All Back Home (1965)
  • Another Side of Bob Dylan (1964)
  • The Times They Are A-Changin’ (1964)
  • The Freewheelin' Bob Dylan (1963)
  • Bob Dylan (1962)

Frysktalige covers fan Bob Dylan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Earder as Letter, Twarris; Kim Stolker; Die Twa; Ernst Langhout & Johan Keus; Jan Tekstra; Meindert Talma; Reina Rodina; Raynaud Ritsma; Tsead Bruinja; Mink; Three-ality (2010)
  • Dylan yn it Frysk II, Ernst Langhout & Johan Keus (2005)
  • Dylan yn it Frysk, Ernst Langhout & Johan Keus (2004)