Neil Young

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Young by in optreden
yn Oslo op 11 juny 2009

Neil Young (Toronto, Ontario, 12 novimber 1945) is in Kanadees sjonger, lieteskriuwer en ûndernimmer. Yn in karriêre dy't in periode fan mids jierren sechtich oant no oerkapet, hat er in mânsk oeuvre opboud dat te fergelyksen is mei dat fan Bob Dylan. Hy wurdt yn't generaal beskôge as ien fan de artysten mei de measte ynfloed fan syn generaasje.[1]

Young begûn syn optreden as soloartyst yn Kanada yn 1960, ear't er yn 1966 nei Kalifornje ferfarde, dêr't er mei Stephen Stills de band Buffalo Springfield oprjochte en letter it fjirde lid fan Crosby, Stills & Nash waard; dat wy yn 1969. Hy sette in solo karriêre op dy't rûmom in protte jûchheigerop feroarsake; syn earste album kaam yn 1968 út. Yn in karriêre dy't in periode fan mids jierren sechtich oant no oerkapet, hat er in mânsk oeuvre opboud dat te fergelyksen is mei dat fan Bob Dylan; 33 studio albums hat er levere. Benammen yn de jierren '80 hat Young in soad mei útienrinnende myzykstilen eksperimintearre en dêr is er nea mei opholden. De Rock and Roll Hall of Fame webside beskriuwt Young as "one of rock and roll’s greatest songwriters and performers".[2] Hy is twaris yntrodusearre yn de Hall of Fame: earst as a solo artyst yn 1995, en letter as lid fan Buffalo Springfield yn 1997.

Young by in optreden yn
Austin (Teksas) op 9 novimber 1976

Young's wurk wurdt skaaimerke troch syn typyske gitaarwurk en syn falset/tenor-sjongstim. Hoewol't er himsels begeliedet op ferskate ynstruminten, sa as piano en harmonika, wurdt syn gelûd fral bepaald troch syn gitaarspyljen (akûstysk en elektrysk), dy't er somtiden melodieusk en dan wer rûch bespilet. Young hat mei in soad muzykstilen eksperimintearre, begelyks swing en elektroanyske muzyk, mar yn syn meast bekende wurk kin dochs trije haadstreamen ferdield wurde: akûstyske folk en country-rock, of fersterke hard-rock yn mei de band Crazy Horse. Wol hat Young ek eleminten fan nijere muzykstilen oernaam sa as alternative rock en grunge. Syn ynfloed op dy lêste hat him de earetitel Godfather of Grunge" besoarge.[3]

Young hat in stikmannich fils (mei)regisearre ûnder de skûlnamme Bernard Shakey, dit binne Journey Through the Past (1973), Rust Never Sleeps (1979), Human Highway (1982), Greendale (2003), en CSNY/Déjà Vu (2008). y wurket no oan in dokumintêre oer de techyk fan elektryske auto's, foarearst mei de titel Linc/Volt. It projekt bestiet ûnder mear út it ombouwen fan in Lincoln Continental út 1959 nei hybride technology; Young is fan doel om dêrmei nei Washington, D.C. te riden om sa omtinken foar miljeufreonlike technology fan politisy te freegjen.

Young is in útsprutsen pleiter foar miljeusaken en foar it wolwêzen fan lytse boeren; yn 1985 organisearre er mei it benefit concert Farm Aid. Yn 1986 holp Young mei oan it stiftsjen fan The Bridge School,[4] in ûnderwiisynstelling foar bern mei slimme ferbale en fysike beheiningen, en docht er mei oan it jierlikse Bridge School Benefitkonsert. Young wennet op syn ranch yn La Honda, Kalifornje. Hoewol't er al tsientallen jierren yn Kalifornje wennet en wurket en like faak oer de F.S. as oer syn heitelân songen hat, hinget er oan syn Kanadeesk boargerskip; hy hat nea Amerikaan wurde wollen.[5] Op 14 july 2006 waard Young ûnderskieden mei de Oarder fan Manitoba.

Young hat gearwurke mei in protte grutte artysten, sa as Bruce Springsteen, Willie Nelson, Jerry Lee Lewis, Rick James, Pearl Jam, Nils Lofgren en de Pixies.

Bob Dylan, U2, Tori Amos, Johnny Cash, Boney M., The Mission, Nick Cave, Pearl Jam en Stereophonics binne mar in pear namme fan artysten dy't Young-nûmers op harren repertôre set hawwe.

Privee[bewurkje seksje | edit source]

Neil Young is troud mei Pegi Morton. Sy hawwe twa bern, dochter (Amber), dy't lykas Young ek te lijen hat fan epilepsy, en in slim handikepte (foar it measte part ferlamme) soan (Ben). Ut in eardere relaasje mei aktrise Carrie Snodgress, waard soan Zeke berne, dy't mei in Sykte fan Little op de wrâld kaam.

Young is sûnt midden jierren 70 in entûsiast samler fan modeltreinen fan it merk Lionel. Sûnt 1994 hat er in frijwat grut oandielepakket opboud by de produsint fan dizze treinen en is er warber yn it mennedzjmint fan dit bedriuw. Efterhûs hat Young in hal sette litten, dêr't er (mei syn famylje) in mânske modelbaan boud hat.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

Mei Buffalo Springfield[bewurkje seksje | edit source]

Mei Crosby, Stills, Nash & Young[bewurkje seksje | edit source]

Solo[bewurkje seksje | edit source]

Dvd[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar it grutste part in oersetting fan de ynlieding op it artikel Neil Young yn de Ingelsktalige Wikipedy.
  1. [1] Neil Young. Thomas Erlewine, Stephen. allmusic.
  2. rockhall.com - Neil Young - Biography. Sjoen 2010-4-9.
  3. "It had already been noted that Neil Young was an important influence on grunge musicians, and in the mid- 1990s it became common to see Neil Young described as 'the godfather of grunge'." yn Echard, William: Neil Young and the Poetics of Energy, Indiana University Press 2005, s. 43 | isbn = 9780253217684
  4. Welcome to The Bridge School
  5. [http://www.time.com/time/arts/article/0,8599,1110988,00.html Time, Resurrection of Neil Young, Continued