11 maart
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
4 - 5 - 6 - 7 - 8 - 9 - 10 - 11 maart - 12 - 13 - 14 - 15 - 16 - 17 - 18
11 maart is de 70e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 71e dei).
Der folgje noch 295 dagen.
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 105 - T'sai Lun makket it earste skriuwpapier.
- 1702 - De Daily Courant, de earste nasjonale deistige krant fan it Feriene Keninkryk, ferskynt foar it earst.
- 1753 - Egbert Douwes ferhuzet nei De Jouwer en begjint dêr in winkel mei de namme De Witte Os.
- 1861 - De grûnwet fan de Konfederearre Steaten fan Amearika wurdt oannaam.
- 1903 - Yn Belgje hâldt de preester Adolf Daens yn it Parlemint syn ferneamde taspraak tsjin de Katolike Partij.
- 1928 - Han Hollander docht it earste sportferslach op de Nederlânske radio. It giet om de fuotbalwedstriid Nederlân - Belgje yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam.
- 1938 - Kurt von Schuschnigg jout ûnder druk fan Adolf Hitler it regear oer Eastenryk oer oan Arthus Seyss-Inquart.
- 1990 - Litouwen makket him as earste fan de Baltyske steaten frij fan de Sowjetuny.
- 2004 - Yn Spanje falle 190 deaden by fjouwer oanslaggen op treinen. De oanslaggen blike it wurk te wêzen fan in brigade fan de terreurgroep Al Kaida.
- 2009 - Yn it Dútske Winnenden sjit in jongen fan 17 jier santsjin minsken dea, wêrnei him himsels om it libben bringt.
Berne [bewurkje seksje]
- 1444 - Donato Bramante, Italiaanske arsjitekt († 1514)
- 1549 - Hindrik Laurens Spiegel
- 1895 - Jacob Jongbloed, Fryske fysiolooch († 1974)
- 1899 - Freark IX, Kening fan Denemark († 1972)
- 1924 - Wim Molenaar, Nederlânsk fuotballer fan Frysk komôf († 2008)
- 1954 - Lida Boonstra, Nederlânsk byldzjend keunstner fan Frysk komôf
- 1955 - Nina Hagen, Dútsk punk-sjongster
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 222 - Elagabalus, Romeins Keizer, wurdt om hals brocht (* 203).
- 1955 - Sir Alexander Fleming, Britsk wittenskipper, ûntdekker fan de penisilline (* 1881).
- 2006 - Slobodan Milošević, presidint fan Servje en fan Joegoslaavje (* 1941).
4 - 5 - 6 - 7 - 8 - 9 - 10 - 11 maart - 12 - 13 - 14 - 15 - 16 - 17 - 18
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier