Egbert Douwes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Egbert Douwes (Jiskenhuzen * 1723 - * ) is de oarspronklike stifter fan it bedriuw dat hjoed de dei ferneamd is ûnder de namme Douwe Egberts.

It winkeltsje fan Egbert Douwes

Op 11 maart 1753 iepene Egbert Douwes mei syn frou Akke Thijsses oan de Midstrjitte op De Jouwer in winkeltsje yn koloniaal guod. It winkeltsje krige de namme De Witte Os. Douwes ferkocht guod út de Nederlânske koloanjes en út Nederlân sels, bygelyks tabak, sûker, rys, kaniel, sjerp, jittik en sûkelarje. Fansels waarden ek de produkten ferkocht wêr't Douwe Egbert tsjintwurdich ferneamd om is, kofje en tee.

Op 10 jannewaris 1755 wurdt de soan fan Egbert Douwes en syn frou berne, Douwe Egberts (1755 - 1806). Under syn namme wurdt it bedriuw letter ferneamd. Dit hat wierskynlik te krijen mei de grutte útwreidings fan it bedriuw dy't ûnder lieding fan Douwe Egberts plak fûnen.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels