Hans van Mierlo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hans van Mierlo

Henricus Antonius Franciscus Maria Oliva (Hans) van Mierlo (Breda, 18 augustus 1931 - Amsterdam, 11 maart 2010 ), wie in Nederlânsk sjoernalist en politikus. Hy is benammen bekend as ien fan de oprjochters fan D66 en wie jierrenlang it gesicht fan dizze partij. Nei de inisjalen fan syn foarnamme wurdt er ek wol oantsjutten as HAFMO. Hans van Mierlo boaske trije kear. Hy hie in soan út syn earste houlik en twa dochters út it twadde. Sûnt 1999 hie Van Mierlo in relaasje mei de Nederlânske skriuwster Connie Palmen. Op 11 novimber 2009 trouden Van Mierlo en Palmen yn debatsintrum De Rode Hoed te Amsterdam.

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Hans van Mierlo kaam út in roomsk-katolike húshâlding en die syn middelbere skoalle by de Jezuïten oan it Canisius College (ynternaat) yn Nymwegen. Hy studearre rjochten oan de Radboud Universiteit Nymwegen. Yn 1960 die hy doktoraaleksamen (Master yn de rjochten) Nederlânsk rjocht, mei as byfak ynternasjonaal privaatrjocht. Fan 1960 - 1967 wurke hy by it Algemeen Handelsblad te Amsterdam, earst as redakteur binnenlân, letter as haad fan de redaksje fan de opinyside.

As foarsitter fan it inisjatyfkommitee hie Van Mierlo yn 1966 in grut oandiel yn de oprjochting fan de nije partij Democraten 66. De oprjochting fan de partij slagge mat krekt noch yn 1966, op 27 desimber, neidat twa dagen fan fergaderjen earder neat opsmiten hiene. Van Mierlo wie de earste foarsitter fan dy partij. Yn 1967 helle D'66 sân sitten. Van Mierlo wie fan 1967 - 1977 en fan 1986 - 1994 lid fan de Twadde Keamer foar D66. Fan 1967 - 1974 en yn de twadde perioade wie hy teffens fraksjefoarsitter.

Fan 1983 - 1986 wie hy lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal. Ek wie hy lid fan de Kommisje Untwikkelingsgearwurking Nederlân-Suriname (CONS) en fan de Advysrie Definsjeoangelegenheden (ADA).

Van Mierlo wie fan 11 septimber 1981 oant 4 novimber 1982 minister fan Definsje yn it Twadde - en Tredde Kabinet-Van Agt. Fan 22 augustus 1994 oant 3 augustus 1998 wie hy fisepremier en minister fan Bûtenlânske Saken yn it Earste Kabinet-Kok. Op 23 oktober 1998 waard hy beneamd ta Minister fan Steat Van Mierlo beklaaide tal fan bestjoersfunksjes, benammen by literêre en kulturele organisaasjes.

Hans van Mierlo ferstoar yn maart 2010 op 78-jarige leeftiid yn it Us Leaffrou Gasthûs te Amsterdam.

Underskiedings[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]